Nijs

Wy fan Praat mar Frysk hawwe altyd wol wat te melden en dat kinst hjir lêze, sjen en hearre!

Praat mar Frysk mei 'Presiis'!

13 januari 2025 ()
Bert Nieuwenhuis fan administraasjekantoar Presiis fertelt oer wat it Frysk him opsmyt en wêrom't hy der foar keazen hat om it Fryske bedriuwsnamme te hawwen. Tsjek de fideo foar tips! Krekt as Bert ek mear mei it Frysk dwaan op dyn wurk?It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op […]
Mear ynfo

Mear mei it Frysk dwaan op dyn wurk?

13 januari 2025 ( - )
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen. Ek yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken. Soesto yn dyn bedriuw of […]
Mear ynfo

Frysk op 'e dyk!

02 december 2024 ()
By kapsalon Peter en Binny yn Burgum hawwe sy it begrepen: mei #Frysk op ‘e dyk bist noch mear sichtber! Fia Andrys krigen wy dizze foto fan harren stoepboer tastjoerd. In prachtich foarbyld fan hoe’tst it Frysk foar dy wurkje litte kinst!  Mear Frysk op ‘e dyk sjen? Wy hawwe al fia bedriuwen en partikulieren […]
Mear ynfo

Game yn it Frysk!

25 november 2024 ()
De game SCHiM is ûnderwilens mear as 40 miljoen kear besjoen. In ynternasjonaal suksesfolle game dy’t sels selektearre is foar in Gouden Kalf! Boppedat, it spultsje is ék yn it Frysk te dwaan. De makkers fan de game, Nils Slijkerman en Ewoud van der Werf, hawwe Us Mem en de Snitser Wetterpoarte der sels yn […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk mei de KNKB!

05 november 2024 ()
Projektlieder Afke Hijlkema fan de KNKB naam kontakt mei ús op om te sjen oft wy meitinke koenen oer saneamde ‘Keatspleinen’. In plein dêr’t op keatst wurde kin mei in perk en in keatsmuorre. En fansels moast it Frysk dêr ek in plak yn krije. Dizze moanne waard yn Blije it earste keatsplein fan Fryslân […]
Mear ynfo

Fieten Olie Aldwâld

04 november 2024 ()
Tegearre mei Fieten Olie Aldwâld hawwe wy alle 'signing' yn it Frysk fersoarge. Femma fan Fieten Olie Aldwâld fertelt wat soks no eins opsmyt!
Mear ynfo

Webside Toerisme Alliantie Friesland no ek yn it Frysk!

18 oktober 2024 ()
Tegearre mei de TAF, Merk Fryslân, Recreatieschap Marrekrite, Stichting Rustpunt en de provinsje Fryslân fersoargen wy earder dit jier foar mear as 75 Rustpunt-eigners buordsjes mei Fryske siswizen.En om't se by de TAF fansels ek witte dat it aktyf brûken fan it Frysk hiel goed as in plus wurkje kin, fregen se ús oft wy […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by Pizzeria Döner Home

09 oktober 2024 ()
Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Sa ek in moaie tekst dy’t op ’e muorre hinget yn de pizzeria ‘Döner Home’ yn Burgum. Dat makket ús nijsgjirrich nei it ferhaal dêr efter en gienen op ûndersyk: Houman hat mei syn broer en âlden in Pizzeria […]
Mear ynfo

Doniastate Stiens

09 oktober 2024 ()
Tegearre mei bernebuorkerij Doniastate yn Stiens hawwe wy sjoen nei hoe't sy it Frysk noch mear foar harren wurkje litte kinne. Jeroen Wijnand fertelt oer ús gearwurking en lit sjen wat it harren opsmiten hat!
Mear ynfo

Fryske siswizen by mear as 75 Rustpunten!

09 september 2024 ()
Tegearre mei de TAF (Toerisme Aliantie Fryslân), Merk Fryslân, Recreatieschap Marrekrite, Stichting Rustpunt en de provinsje Fryslân hawwe wy mear as 75 buordsjes mei Fryske siswizen meitsje litten en ferspraat ûnder 75 Rustpunt eigners yn Fryslân. Taheakke foto krigen wy fan Rustpunt-eigner Marjolein van Wijhe fan teetún De Lofsang yn Bantegea. Alle mear as 75 […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de apoteek!

21 augustus 2024 ()
Teva hat in oersjoch ûntwikkele mei alle medisinen dy’t in pasjint brûkt; Mijn Geneesmiddel in Beeld. Dat oersjoch is ek yn it Frysk beskikber. By apoteek De Hertog yn Frjentsjer kinst dyn medisinen ek yn it Frysk ôfhelje. Wy wienen benijd nei it ferhaal en gienen op ’e kofje!
Mear ynfo

Wêr wenje 'Pake en beppe'?

13 juni 2024 ()
Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Hoewol't wy dit jier al oer de tûzen foto's hinne gean, springe der ek altyd in pear foto's út dy't wy faker tastjoerd krije of dy't in hiel soad tomkes opsmite. Ien fan de Frysk op 'e dyk-foto's dy't […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de VVV yn Langwar!

13 juni 2024 ()
‘Ast it Frysk aktyf brûkst, makkest it allinnich mar in grutter aventoer om yn Fryslân op fakânsje te gean.’ Wy gienen op besite yn Langwar by de VVV en fregen Grietje fan Waterland van Friesland hoe’t je it Frysk foar je wurkje litte kinne yn de toeristyske sektor.
Mear ynfo

Harrejak hûnekak!

10 april 2024 ()
Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Hoewol't wy dit jier al oer de tûzen foto's hinne gean, springe der ek altyd in pear foto's út dy't wy faker tastjoerd krije of dy't in hiel soad tomkes opsmite. Ien fan de Frysk op 'e dyk-foto's dy't […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de RegioBank!

10 april 2024 ()
In skoftke lyn berjochten wy der al oer: by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn Fryslân kinst gewoan Frysk prate. En dêr meie wy fansels wol oer! Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it Frysk harren opsmyt! It Frysk kin ek foar dyn bedriuw wurkje
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel […]
Mear ynfo

By de Regiobank kinst gewoan Frysk prate

04 maart 2024 ()
By de ING wolle se dy net yn it Frysk te wurd stean, mar dêr tinke se by de Regiobank hiel oars oer! ‘Wy ferbrekke ús net: by ús kinst ek gewoan Frysk prate’, dërmei starte de Regiobank yn Fryslân in nije kampanje om sjen te litten dat sy de taal fan harren klant prate. […]
Mear ynfo

Earste beropssertifikaten Frysk útrikt op it mbû

09 februari 2024 ()
Sa’n 25 studinten fan Firda krigen tongersdei 8 febrewaris in sertifikaat útrikt foar it súksesfol ôfrûnjen fan it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’. Mei dat sertifikaat kinne hja by sollisitaasjes en ferfolchopliedingen oantoane op watfoar nivo sy it Frysk behearskje. It kardiel Frysk yn de beropskontekst wurdt op dit stuit oanbean by Aeres en Firda. Op jierbasis […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by blommesaak It Gieterke!

08 februari 2024 ()
It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslân 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo! Ek mear mei it Frysk dwaan? Wy helpe jim der […]
Mear ynfo

Fan Poppodium nei Poppoadium; in lyts ferskil, in grut ferhaal

31 januari 2024 ()
Ferline jier bestie Poppodium Induna 40 jier en dat ha se dêr fierd mei ûnder oare in nije hússtyl. Ek hat Iduna ûndersyk dwaan litten nei de merkidentiteit.  Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat ien fan de kearnwearden fan Iduna, de Fryske taal is.  De taal is wichtich yn de gemeente Smellingerlân en past […]
Mear ynfo

“By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie.”

24 januari 2024 ()
Sabine (26) har lêste staazje by Yung Frysk wie life-changing. It makke har bewust fan wa’t se is en wat sy útdrage wol.
Mear ynfo

Praat mar Frysk by Poppoadium Iduna

24 januari 2024 ()
Iduna kloppe by ús oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hússtyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dêr graach by! Tegearre mei de minsken fan Iduna hawwe wy neitocht oer de mooglikheden en ferfolgens hawwe sy der wat hiel moais fan makke! Witte hoe't it wurden is? Tsjek de fideo! Ek mear mei it Frysk dwaan? Wy helpe jim der graach by, en fergees! Nim foar in bakje kofje kontakt mei ús op fia: ynfo@praatmarfrysk.nl en wa wit oant sjen!
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de bistedokter!

18 december 2023 ()
Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou hat sûnt in pear wike in prachtich nij pân foar harren praktyk. Wy ha mei harren mei- en neitocht oer it mear sichtber brûken fan it Frysk yn harren nije praktyk.
Mear ynfo

Nije workshops Psychology fan dyn Taal rûnom yn Fryslân

29 november 2023 ()
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!
Mear ynfo

Wy hawwe in nije website!

15 november 2023 ( - )
Wy hawwe in nije website! Praat mar Frysk is yn novimber 16 jier wurden en dêr heart fansels in nije ‘outfit’ by.
Mear ynfo

Hee leuk! Dochris in kursus Frysk.

02 november 2023 ( - )
In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat.
Mear ynfo

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

13 oktober 2023 ()
As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel.
Mear ynfo

Dokter, mei it yn it Frysk?

09 december 2022 ( - )
Fan hjoed ôf krije pasjinten yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean.
Mear ynfo

Net dreech, wol hiel leuk: workshop Taalpsychology

04 november 2022 ()
Taal. Brûkst it alle dagen mar stiest der net sa faak by stil. Wat betsjut taal eins foar dy? Wannear brûksto hokker taal? Nijsgjirrich?
Mear ynfo

Komsto derút yn in heale minút?

04 november 2022 ()
It Fryske antwurd op it populêre spul ‘30 seconds’ is ‘mei oare wurden’. ‘Mei oare wurden’ is in superleuk spultsje dat soarget foar hilaryske mominten mei freonen en famylje.
Mear ynfo

Handich: de Oersetter-app

23 september 2021 ()
De Oersetter-app is in handich wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk en kin ek langere teksten oersette.
Mear ynfo

Filterje op tag

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram