Sa’n 25 studinten fan Firda krigen tongersdei 8 febrewaris in sertifikaat útrikt foar it súksesfol ôfrûnjen fan it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’. Mei dat sertifikaat kinne hja by sollisitaasjes en ferfolchopliedingen oantoane op watfoar nivo sy it Frysk behearskje.
It kardiel Frysk yn de beropskontekst wurdt op dit stuit oanbean by Aeres en Firda. Op jierbasis binne der sa’n 400 studinten dy’t it kardiel folgje. De studinten komme fan ferskate opliedingen, lykas Kommersjele tsjinstferliening, Doktersassistint, Logistyk en Feehâlderij. Fan dit skoaljier ôf krije sy nei ôfrin in sertifikaat útrikt dêr’t sy harren behelle nivo mei oantoane kinne. Deputearre Eke Folkerts rikte tongersdei de earste sertifikaten op it provinsjehûs út oan studinten fan Firda.
Deputearre Folkerts: “Ik fyn it in hiele eare om de earste sertifikaten útrikke te meien. It middelber beropsûnderwiis is hiel belangryk foar ús provinsje. Sa’n 70% fan ús ynwenners hat ommers in mbû-eftergrûn. En de measte studinten op it mbû bliuwe yn Fryslân te wenjen en te wurkjen. Der is de lêste jierren hieltyd mear omtinken kaam foar it Frysk yn it mbû wêrby’t de studinten leare om it Frysk yn de beropspraktyk te brûken en dat yn projekten ek yn de praktyk bringe. Ast goed Frysk kinst, helpt dat om in goede relaasje mei Frysktalige klanten/kliïnten/pasjinten op te bouwen.”
Binnen it kardiel leare studinten oan de hân fan generike lessen oer de stavering en grammatika fan it Frysk. Yn it programma fan in heal jier is net allinne omtinken foar de persoanlike taalûntwikkeling fan de studint. Fia praktykopdrachten slút it programma ék oan by harren beropspraktyk. Op dy wize wurkje sy oan harren taalfeardigens, rjochte op harren eigen (takomstich) berop yn fiif domeinen: lêzen, skriuwen, ferstean, prate en yn petear.
Op dit stuit wurdt it kardiel op trije nivo’s oanbean (A1, A2 en B1). Dy nivo’s binne fêstlein yn it referinsjeramt Frysk (rrF) en komme oerien mei de nivo’s út it Europeesk Referinsjeramt foar Moderne Talen, it ERK/CEFR (Common European Framework of Reference for Languages). Sa is it nivo fan it kardiel leechdrompelich en geskikt foar net-frysktalige studinten, mar tagelyk ek nijsgjirrich en útdaagjend foar studinten dy’t it Frysk fan hûs út al meikrigen hawwe. De mienskiplike ambysje fan ‘Wy binne mbû’ is om alle mbû-studinten yn Fryslân de mooglikheid te bieden om te wurkjen oan harren eigen taalfeardigens Frysk.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl