Ferline jier bestie Poppodium Induna 40 jier en dat ha se dêr fierd mei ûnder oare in nije hússtyl. Ek hat Iduna ûndersyk dwaan litten nei de merkidentiteit.
Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat ien fan de kearnwearden fan Iduna, de Fryske taal is.
De taal is wichtich yn de gemeente Smellingerlân en past ek hiel goed by it eigenwize fan Iduna. Dêrom is Iduna net langer in Poppodium, mar is de namme ‘ferfryske’ nei Poppoadium Iduna.
De nije hússtyl is op de webside en yn it hiele pân trochfierd. Sa gean besikers no nei it húske, pisje de manlju yn de Pisbak, fine de konserten no plak yn de Lytse Seal en yn de Grutte seal en hjit de technikus de ‘knopkeskower’.
De ‘wall of fame’ dêr’t de grutste artysten op stean, hjit by Iduna no de ‘Pommerantemuorre’.
Yn de artysteromte is ek rekken holden mei de ynternasjonale artysten, want dêr is alles twatalich; Frysk en Ingelsk. Want sa seit Jort Visser fan Iduna; ik tink net dat de gemiddelde Amerikaanske artyst “klaaikeamer” útsprekke kin.
En dat hja by Iduna ‘grize fan blauwe M&M’s’ is foar alle artysten aanst ek dúdlik.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl