Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Administraasjekantoar Presiis

Bert Nieuwenhuis fan finansjele tsjinstferliening Presiis fertelt oer wat it Frysk him opsmyt en wêrom't hy der foar keazen hat om it Fryske bedriuwsnamme te hawwen. Tsjek de fideo foar tips!
Besjen

Game yn it Frysk

De game SCHiM is ûnderwilens mear as 40 miljoen kear besjoen. In ynternasjonaal suksesfolle game dy’t sels selektearre is foar in Gouden Kalf! Boppedat, it spultsje is ék yn it Frysk te dwaan. In ynternasjonaal suksesfolle game mei de Fryske taal en echte Fryske aksinten! Wy fregen Nils en Ewoud hoe’t dat sit.
Besjen

Fieten Olie Aldwâld

Tegearre mei Fieten Olie Aldwâld hawwe wy alle 'signing' yn it Frysk fersoarge. Femma fan Fieten Olie Aldwâld fertelt wat soks no eins opsmyt!
Besjen

Doniastate Stiens

Tegearre mei bernebuorkerij Doniastate yn Stiens hawwe wy sjoen nei hoe't sy it Frysk noch mear foar harren wurkje litte kinne. Jeroen Wijnand fertelt oer ús gearwurking en lit sjen wat it harren opsmiten hat!
Besjen

Apoteek De Hertog

Apoteek De Hertog yn Frjentsjer biedt 'Mijn Geneesmiddel in Beeld' ek yn it Frysk oan. Sa kinst dyn medisinen ek yn it Frysk ôfhelje. Teva ûntwikkele it programma en hat dêrby ek it Frysk in plakje jûn. Moai fansels! Wy wienen heel benijd nei it ferhaal dêrby en gienen op 'e kofje om te hearren hoe't it no krekt sit.
Besjen

VVV Langwar

‘Ast it Frysk aktyf brûkst, makkest it allinnich mar in grutter aventoer om yn Fryslân op fakânsje te gean.’ Wy gienen op besite yn Langwar by de VVV en fregen Grietje fan Waterland van Friesland hoe’t je it Frysk foar je wurkje litte kinne yn de toeristyske sektor.
Besjen

Van Campen & Dijkstra RegioBank

In skoftke lyn berjochten wy der al oer: by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn Fryslân kinst gewoan Frysk prate. En dêr meie wy fansels wol oer! Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it Frysk harren opsmyt!
Besjen

It Gieterke

It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslân 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo!
Besjen

Poppoadium Iduna

Iduna kloppe by ús oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hússtyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dêr graach by! Tegearre mei de minsken fan Iduna hawwe wy neitocht oer de mooglikheden en ferfolgens hawwe sy der wat hiel moais fan makke! Witte hoe't it wurden is? Tsjek de fideo! Ek mear mei it Frysk dwaan? Wy helpe jim der graach by, en fergees! Nim foar in bakje kofje kontakt mei ús op fia: ynfo@praatmarfrysk.nl en wa wit oant sjen!
Besjen

Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân benadere ús mei de fraach hoe’t wy harren helpe koenen om it Frysk binnen harren organisaasje in plak te jaan. Fansels helpe wy dêr graach by. Tegearre mei Wetterskip Fryslân sjogge we wat foar harren wurket en hoe’t sy tegearre mei ús it Frysk in plak jaan kinne yn harren organisaasje, yntern en nei bûten ta. Tsjek de fideo!
Besjen

De Sloopkeamer, Dokkum

Yn it ramt fan #FryskeFreed gienen wy diskear op besite by Sandra fan de Sloopkeamer yn Dokkum! Want wat is in sloopkeamer en wat smyt sa’n Fryske namme eins op? Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje by de bistedokter!

Wy fan Praat mar Frysk wienen benijd wêrom’t se by de bistedokter yn Grou in Praat mar Frysk-stikker op ‘e doar plakt hawwe. Benijd nei it ferhaal derachter? En wat in bistedokter no eins mei it Frysk kin yn de praktyk? Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje yn Bûtenpost!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op’e kofje yn Bútenpost. Machtich moai fan Joop, Sita en dy oaren, dat se mear dwaan wolle mei de sichtberens fan de Fryske taal op harren bedriuwspân. En fansels hiel leuk dat se ús fan Praat mar Frysk frege ha om mei te tinken.
Besjen

Jacob Mannenmode

Wy fan Praat mar Frysk gienen op ‘e kofje by Jacob Mannenmode om te hearren wat it Frysk him opsmyt. En dat smiet moai wat tips op! Benijd? Tsjek de fideo!
Besjen

Kapsalon De Spiegel

Spesjaal foar #FryskeFreed gienen wy op ‘e kofje by Salon de Spiegel yn it sintrum fan Ljouwert om te hearren wat it #Frysk harren opsmyt! Sy hawwe al jierren de measte moaie Fryske teksten op harren stoepboerd stean en dat smyt in soad ekstra reklame en tomkes omheech op! Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje by 'Gjin Drokte' Partyservice yn Balk!

Wy gienen op ‘e kofje by partyservice ‘Gjin Drokte’ yn Balk! Wat hawwe sy mei it Frysk? Wat smyt dat op en hoe brûke sy dat yn harren bedriuw? Erik Mennega fan ‘Gjin Drokte’ fertelt deroer!
Besjen

Serious gaming yn it Frysk by 8D-games!

Wy fan Praat mar Frysk gienen diskear op ‘e kofje by 8D-games. Wat hawwe sy mei it Frysk en hoe brûke sy it Frysk by it meitsjen fan serious games? En wat smyt it Frysk harren op? Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje by 'Gjin Drokte' Partyservice yn Balk!

Wy gienen op 'e kofje by partyservice 'Gjin Drokte' yn Balk! Wat hawwe sy mei it Frysk? Wat smyt dat op en hoe brûke sy dat yn harren bedriuw? Erik Mennega fan 'Gjin Drokte' fertelt deroer!
Besjen

Praat mar Frysk by Klean & sa

Wat hat in kleanwinkel mei it Frysk? Wat smyt dat op en hoe wurdt it brûkt yn de ferkeap? De froulju fan Klean & sa yn Twizelerheide fertelle dy persys wat it Frysk harren opsmyt!
Besjen

Op 'e kofje by Rispens Totaalservice!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op besite by Birhanu Rispens fan Rispens Totaalservice út Metslawier. Wat hat hy mei it Frysk en wat smyt it him op?
Besjen
1 2 3 5

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram