Fryske Freed

Elke twadde freed fan de moanne fiere wy #FryskeFreed!

De kommende moannen is dat op : 9 febrewaris, 8 maart, 12 april, 10 maaie en 14 juny.

It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.

Dêrom roppe wy bedriuwen en organisaasjes – op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in byienkomst of aktiviteit dy’t hielendal yn it Frysk plakfynt, of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of inoar Fryske wurden leart.

Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) op LinkedIn sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten lykas teksten en nammen op gevels en gean sa mar
troch. Dêrneist sette wy alle moannen op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed.

Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Stjoer ús in berjocht fia ynfo@praatmarfrysk.nl of lit it ús witte fia LinkedIn.

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram