It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio.
Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe.
Foar Jacob Mannenmode hawwe wy de etymology fan guon Fryske moade- en kleanwurden útsocht en fan de útkomsten hat Jacob posters meitsje litten foar op syn rút. Dêrneist hawwe wy meitocht oer nije seizoenswurden foar op en yn syn etalaazje, folders ensfh.
Wy hawwe ferskate workshops en kursussen dy’t dy en dyn personiel op wei helpe kinne. Hiel praktysk troch bygelyks in koarte kursus Frysk skriuwen, mar ek hoe’tst dyn bedriuwsidentiteit fersterkje kinst troch de ynset fan de Fryske taal en kultuer of hoe’tst mear taalbewustwêzens kreëarrest yn dyn organisaasje. Besjoch hjir ús oanbod!
In reklame yn it Frysk wurket fansels it bêste mei de perfekte stim. Wy fan Praat mar Frysk helpe dy dêr graach by. Wy hawwe in grut tal profesjonele Fryske stimmen yn ús bestân en sjogge graach mei jim mei nei wa’t it bêste oanslút by jim reklameboadskip.
Fansels kinne wy jim ek helpe by it oersetten fan reklameteksten en noch folle mear. Want it Frysk wurket, ek foar jim!
Nim frijbliuwend kontakt mei ús op fia ynfo@praatmarfrysk.nl!
Mei de Oersetter-app kinst losse wurden of langere stikken tekst oersette, stavering tsjekke én Fryske synonimen sykje. Hiel handich foar bygelyks in berjochtsje op Instagram of Facebook, in mailtsje, in reklameboerd yn 'e tún, in Fryske advertinsje, of gewoan in appke oan dyn freonen of famylje! De Oersetter-app is hielendal fergees en te downloaden yn de Apple appstore en Google Play store!
Wolsto Frysk praten, ferstean, lêzen of skriuwen leare? Dat kin! By de Afûk fynst in keur oan ferskate kursussen foar yndividuen, groepen, in company en online.
Fansels sitte wy ek op it grutste saaklik netwurk fan ‘e wrâld! Wy binne like profesjoneel as dy en wy prate dy graach by oer hoe’t it Frysk foar dyn bedriuw ynsetten wurde kin!
Folgje ús op LinkedIn en praat mei, stel fragen en diskusjearje oer it brûken fan it Frysk yn it bedriuwslibben en by publike tsjinsten.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl