Sjoerd
“ Ik tink dat minsken dy’t war dogge om de Fryske taal te learen der absolút by hearre.”
Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat? En dat dat om goed 150.000 minsken giet? Dêrneist geane der alle jierren hûnderten minsken op kursus om’t se it Frysk graach ferstean, lêze of prate wolle.
Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld. Troch it Frysk te hearren en te brûken learst it it fluchst. Dêr kinne wy allegear oan bydrage. Sa hâlde wy mei-inoar it Frysk yn libben!
Wolsto in komplimint stjoere oan immen dy’t Frysk leard hat, of Frysk oan it learen is?
Stjoer dy persoan fia ús in leuk kaartsje! En lit ús witte wêrom’t dy persoan in kaartsje fertsjinnet.
Hasto ek in oanmoediging foar de minsken dy’t Frysk leare?
Yn 2020-2022 hawwe Ruth Kircher fan de Fryske Akademy/Mercator, Ethan Kutlu fan de Universiteit fan Iowa en Mirjam Vellinga fan de Afûk ûndersyk dien nei de motivaasje fan minsken om op in kursus Frysk foar net-Frysktaligen te gean en nei harren motivaasjes om dêrnei it Frysk yn de praktyk ek te brûken. Op basis fan de útkomsten fan dat ûndersyk is dizze kampanje ta stân kaam.
Hasto ek in oanmoediging foar de minsken dy’t Frysk leare? Stjoer ús dyn filmke!
Hoe wurket it?
Stjoer ús fia de mail it filmke fan dyn oanmoediging foar nije Fryskpraters. Kinst dyn fideo opnimme mei dyn mobyl of bygelyks mei dyn webcam. Maile nei praatmarfrysk@gmail.com kin as it bestân net grutter is as ± 25 MB. As it bestân grutter is kinst it eventueel ferstjoere mei WeTransfer. It is belangryk dat wy dyn foarnamme witte, dus set dy yn alle gefallen efkes yn dyn mail- of WeTransfer-berjocht.
Goed om te witten
Wy publisearje in seleksje fan de ynstjoerde filmkes op dizze pagina en op de Praat mar Frysk-kanalen yn it ramt fan de Nije Fryskpraters-kampanje. Mei it ynstjoeren fan dyn filmke giest dêr akkoart mei.
Alfêst tank foar dyn bydrage!
Wolsto in komplimint stjoere oan immen dy’t Frysk leard hat of no oan it learen is?
Stjoer dy persoan fia ús fergees in leuk kaartsje! En lit ús witte wêrom’t dy persoan in kaartsje fertsjinnet.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl