Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou hat sûnt in pear wike in prachtich nij pân foar harren praktyk. De ôfrûne tiid ha wy fan Praat mar Frysk mei harren mei- en neitocht oer it mear sichtber brûken fan it Frysk yn harren nije praktyk.
De earste kontakten binnen lein troch de gearwurking tusken Praat mar Frysk en Wy binne MBU. In MBU-stazjêr fan Aeres dy’t it kardiel Frysk folge, moast foar de praktykopdracht betinke hoe't it Frysk sichtber makke wurde koe op har staazje bedriuw. Sy rûn staazje by dizze bistedokterpraktyk en die it foarstel om stikkers fan Praat mar Frysk te brûken.
Doe’t wy fernamen dat ien fan de eigeners in echte “Siuw” (Zeeuw) is, dy’t it belangryk fynt om it Frysk te brûken, koenen we de kâns fansels net foarby gean litte om in ris in bakje kofje te dwaan. Dat hja krekt dwaande wienen mei in nij pân wie in prachtige gelegenheid om dêr fuort mear mei de sichtberens fan it Frysk te dwaan en sadwaande kamen we ta in slagge gearwurking.
In moai foarbyld fan hoe’t it kardiel Frysk der ta laat hat dat in bedriuw it Frysk foar him wurkje lit.
Foto 1 : Jacob van Essen, Hoge Noorden. Foto 2 en 3: Praat mar Frysk
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl