Workshops

Workshops oer taal, meartaligens en identiteit. Taal spilet in gruttere rol as datst tinkst!

Workshop Gastfrij Frysk: Ambassadeur fan jo streek

Untdekke wat dyn bedriuw en regio bysûnder makket en leare hoe’tst dat oerbringe kinst op dyn gasten, relaasjes en kunde? De workshop Gastfrij Frysk is mear as in workshop Gasthearskip. Yn de workshop learst om op nij te sjen nei de eigenheid fan it bedriuw, de kultuer, de taal, de streek en de eigen identiteit en om dit op in natuerlike, autentike wize oer te bringen op dyn gasten.

Wannear: yn oerlis
Foar wa: hoareka- en rekreaasje-ûndernimmers
Tiid: yn oerlis, de workshop duorret 2,5 oere

 

Wolst mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia ynfo@praatmarfrysk.nl.

Workshop Taal op it Wurk

Dizze workshop is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk.

Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is dyn taal foar dy? Is dat itselde by dyn kollega’s? Hoe wurdt der yn it wurk omgien mei meartaligens? Brûksto taal bewust as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach mear brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich?

Hoe giet dat mei taal tusken kollega’s en mei it management, de direksje, de bestjoerders? En hoe wurket it mei taal yn it kontakt mei klanten of ynwenners?

De workshop is bedoeld om ús bewust te wurden fan ús taal en taalgebrûk en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta eksperimint en aksje.

Wannear: yn oerlis
Foar wa: bedriuwen, organisaasjes en oerheden
Tiid: yn oerlis, de workshop duorret minimaal in oere, mar is ôfhinklik fan jim winsken


Wolst mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia ynfo@praatmarfrysk.nl.

Workshop Psychology fan dyn Taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy.

De workshop biedt ynsjoch yn dyn eigen ‘taalgedrach en – gewoantes’ en dat fan oaren. Dêrneist jout de workshop hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach.

Wannear: yn oerlis
Foar wa: elkenien dy’t nijsgjirrich is nei syn/har eigen taalgedrach en -gewoantes
Tiid en plak: yn oerlis, de workshop duorret ca. 2,5 oere en hat ek in weromkommomint


Wolst mear witte oer dizze workshop, nim kontakt mei ús op fia ynfo@praatmarfrysk.nl. Of sjoch hjir foar mear ynformaasje en in oersjoch fan ús trainers.

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram