Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Hoewol't wy dit jier al oer de tûzen foto's hinne gean, springe der ek altyd in pear foto's út dy't wy faker tastjoerd krije of dy't in hiel soad tomkes opsmite.
Ien fan de Frysk op 'e dyk-foto's dy't altyd in soad tomkes opsmyt, is in foto fan in ferkearsboerd mei de tekst 'Pake & Beppe'. Mar wat is it ferhaal dêr efter? Wy gienen op ûndersyk! Tsjek de fideo!
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl