« Werom
15 november 2023

Wy hawwe in nije website!

Leave santjin, Praat mar Frysk is yn novimber 16 jier wurden en dêr heart fansels in nije ‘outfit’ by. De website hat in nije frisse foarmjouwing krigen en ek de yndieling is oars. Wolst mear mei it Frysk op dyn wurk of foar dyn bedriuw? Sjoch dan by ‘Op dyn wurk’ wat wy allegear te bieden hawwe.
Wolst yn dyn persoanlik libben mear mei it Frysk, dan moatst gau efkes by sjen by ‘Foar dy’.
Yn de webwinkel kinst lykas altyd fergees promoasjemateriaal bestelle. Dêr komme geregeld nije saken by. 

In hiel soad wille op ús nije website. Wy hiene ús gjin moaiere ‘swiete sechstjin’ betinke kind!

Tags

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram