Foar dy

Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte? Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin: fergees promomateriaal, de Fryske Kroechkwis foar yn dyn pleatslike kroech, kinst dy opjaan foar de Fryske taaltest Blinder of Blunder, kinst ús Praat mar Frysk app downloade, meidwaan oan de workshop Psychology fan dyn Taal, of stjoer in foto yn foar Frysk op 'e dyk. Hast sels in idee of hast mear promomateriaal nedich? Stjoer ús in mailtsje: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Frysk op 'e dyk

21 oktober 2026 ()
Wy fan Praat mar Frysk gienen op besite yn Bûtenpost! Doarpsbelang Bûtenpost makke gebrûk fan de spesjale regeling foar mear sichtberens fan it Frysk en dat levere in prachtige muorreskildering op! Hasto ek in moaie Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei ynfo@praatmarfrysk.nl en wy diele 'm fia ús Facebook en Instagram om sjen te […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk-reklame nominearre foar Gouden Pompeblêd

31 maart 2026 ( - )
Us radioreklame 'Opfalle? It Frysk wurket!' is nominearre foar it Gouden Pompeblêd, dé publykspriis foar de meast kreative, pakkende en ympaktfolle commercial fan 2025 by Omrop Fryslân! Fynsto dat wy dy priis ek écht fertsjinje? Dyn stim bringst oant en mei 8 april út fia dizze link. Ut in grut tal ynstjoerings hat in ynterne […]
Mear ynfo

Subsydzje beskikber foar sichtberens fan it Frysk!

10 februari 2026 ( - )
Wolsto it Frysk mear sjen litte by dyn bedriuw, feriening en/of organisaasje? Provinsje Fryslân makket € 1,4 miljoen subsydzje beskikber foar sichtberens fan it Frysk.  Bedriuwen, ferienings, stichtings en gemeenten kinne fan tiisdei 10 febrewaris ôf de subsydzje Sichtberens Fryske taal oanfreegje. De regeling hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan ’e […]
Mear ynfo
1 2 3 … 9

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

Trije funksjes yn ien app: dat is de Praat mar Frysk-app! Mei de wurdboek- en oersetfunksje hast oeral en altyd in Frysk wurdboek by dy! Kinst wurden oersette fan Nederlânsk nei Frysk en oarsom en ek langere stikken tekst oersette.

mear witte?
Copyright © 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram