Sabine (26) har lêste staazje by Yung Frysk wie life-changing. It makke har bewust fan wa’t se is en wat sy útdrage wol. Al dwaande mei har misje blykt har ynfloed op de wrâld om har hinne grutter as ferwachte. Giga, eins.
Sabine: “Ik folge dêr mei de kollega’s in workshop Psychology fan dyn taal. Wy krigen mear ynsjoch yn ús eigen taalgedrach en –gewoanten en wy krigen hânfetten om dêrmei oan ’e slach te gean. By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie. Ik ha der thús oer praat mei ús heit en mem. Us heit set him der no ek foar yn, want hy wit dat as gjinien de taal praat, dy ek ferlern giet. Ek op myn suske en sweager hat it grutte ynfloed hân. Myn sweager hat likefolle Surinaamsk as Frysk dna. No’t se tegearre in berntsje krije, wolle se it ek graach yn it Frysk grutbringe. De taal trochjaan omdat it kin. Om’t taal dy riker makket, liniger mei talen, en mear begryp kreëarret foar oaren. It makket dy iepener: hoe sit dat yn in oare taal, yn in oare omjouwing?”
Lês hjir mear oer wat de workshop Psychology fan dyn Taal mei Sabine dien hat.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl