Slide 2
Op syn Frysk by Poppoadium Iduna!
Iduna kloppe by ΓΊs oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hΓΊsstyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dΓͺr graach by!
Slide 2
Yn it Frysk by blommesaak It Gieterke
It is hast Falentyn Γ©n Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dΓ© meast Fryske blommesaak fan FryslΓ’n 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo!
Slide 2
Nije workshops Psychology fan dyn Taal
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. WΓͺs der gau by, want fol is fol!
Slide 2
Wetterskip FryslΓ’n
Wetterskip FryslΓ’n benadere ΓΊs mei de fraach hoe’t wy harren helpe koenen om it Frysk binnen harren organisaasje in plak te jaan.
Slide 2
In kursus Frysk, ek wat foar dy?
In kursus Frysk folgje kin by de AfΓ»k yn allerhande foarmen: fan ferstean oant skriuwen en fan selsstΓΊdzje oant in kursus op maat.
previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Bierfiltsjes - set fan 6 stiks

Wat binne se leuk he: dizze nije Praat Mar Frysk Bierfiltsjes! In set fan 6 dΓ»bbelsidige filtsjes, mei oan de oare kant in tsjinstelling.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dΓͺr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan ΓΊs besikers op praatmarfrysk.nl
Ik brûk it foar myn ûnderwiis. Ik bin de dosint Frysk op de Campus Middelsee en wol it Frysk mei de produkten sichtber meitsje yn skoalle en yn myn lokaal.
Emma/Campus Middelsee
Frysk is op myn skoalle noch net fan 'e grûn kaam. Ik wol dat hiel graach en ha ek in skoalstiper dêrfoar. Mar it Frysk moat wat sichber wêze op myn skoalle.
Yvonne / Nijehaske
We gjin te ringriden mei hynder en wein yn Ferwâlde. We koppelje der altyd in thema oan. Dit kear in muzyk-duo op de wein dy't fryske feskes spilet. De wein fersiere we mei Praat mar frysk en de stikkers kin we útdiele. Want de Fryske taal moat bliuwe!
Agatha / Snits
Us Gasten krije ek allegeare een keamersleutel mei in moai Frysk Scherjon klompke deroan en we probearje, mei hjirre en dêr in fryske spreuk op 'e muorre en in moaie lânkaart fan Fryslân yn ús Hotel, ús Fryske ôfkomst út te dragen, ek hjirre yn Beieren. Want Frysk binne we, ek as Fries om Utens!
Hotel Garni Forsthaus / Beieren
Ik haw nij wurk as barfrou yn it Abe Lenstra stadion yn It Hearrenfean. Dat like my in goede kâns om in PraatmarFrysk button op te hawwe sadat elkenien ek wit dat se Frysk prate kinne yn it stadion.
Silke / Abe Lenstra-stadion
1 2 3 8

Foar dy

Bisto lykas ΓΊs grutsk op it Frysk en wolst it mear brΓ»ke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dΓͺr by helpe kin!

De Praat mar Frysk Kroechkwis

De leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân is der takom jier digitaal!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is fanôf takom jier ek as web-app beskikber. Sa kinne wy him foar elk dy’t ‘m oanfreget op maat oanbiede. Leuk foar by jim yn de kroech fansels, mar ek mei kollega’s yn de bedriuwskantine, mei freonen yn de keet of gewoan thús! En it is ek noch hielendal fergees! Jou dy op fia ûndersteand formulier en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op om spesjaal foar jim in kroechkwis gear te stallen. Wy hoopje yn 2024 de earste digitale Praat mar Frysk-kroechkwis út te setten!

Mear witte?

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje ΓΊs op Instagram

πŸ’Šππ«πšπšπ­ 𝐦𝐚𝐫 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐀 𝐛𝐲 𝐝𝐞 𝐚𝐩𝐨𝐭𝐞𝐞𝐀!πŸ’—

Op #FryskeFreed diele wy altyd in ferhaal fan in bedriuw dat wat mei it #Frysk docht. Diskear Teva, ien fan de grutste farmaseutysk bedriuwen fan 'e wrΓ’ld. Teva hat in oersjoch Γ»ntwikkele mei alle medisinen dy’t in pasjint brΓ»kt; Mijn Geneesmiddel in Beeld. Dat oersjoch is ek yn it #Frysk beskikber. By Service Apotheek De Hertog yn Frjentsjer kinst dyn medisinen ek yn it Frysk Γ΄fhelje. Wy wienen benijd nei it ferhaal en gienen op ’e kofje!
πŸ“’ FERGETTEN WURDEN: 'Fandelje' ‼️

Ned: verzamelen, inzamelen, bij elkaar brengen, op de wereld brengen
Eng: to gather, to collect, to deliver

Betsjutting: 
β€’ ta ien gehiel byinoar bringe, sammelje, opfiskje, opdjipje
β€’ fiskjen, jacht: byinoar bringe, byinoar sykje wat fongen is, neisjen
β€’ op 'e wrΓ’ld helpe fan bern en jonge bisten

Synonimen:  sammelje, garje, swylje, opsykje, neisjen
 
WΓͺr komt it wei?
Fandelje is in Aldgermaansk en Aldfrysk wurd dat komt fan β€˜fandelia’. It betsjut fan oarsprong: Γ»ndersykje, besykje, byinoar bringe en op β€˜e wrΓ’lld bringe en hat letter de wat mear algemienere betsjutting fan β€˜sammelje’ krigen.

Ik ken it wurd wol yn dy lΓͺste betsjutting, yn de sin fan saken β€˜byinoar fandelje’ of β€˜opfandelje’ fan guod, en sa brΓ»k ik it ek noch wol. In rΓ»ntsje op it web befΓͺstiget dat β€˜fandelje’ sa it measte brΓ»kt wurdt. Yn de wat Γ’ldere literatuer komt fandelje ek foar by it fiskjen; by it leechheljen fan fΓ»ken, bygelyks. 

In bern of in jong bist kin ek fandele wurde. Dat wurdt dan dien troch de boer of bistedokter by bisten en troch in ferloskundige, dokter, en earder de baakster of de kreamheinster by bern. β€˜Dy baakster hat ΓΊs allegear fandele.’ Yn dizze betsjutting hear ik β€˜fandelje’net mear. β€˜Troch wa bisto fandele? β€˜, ropt by my oare assosjaasjes op...

It wurd komt yn it NederlΓ’nsk eins net foar. It soe dan β€˜vaandelen’ wΓͺze moatte, mar dat wurd ferwiist meastal werom nei it Frysk (as in ferwizing dat it yn it Frysk wol foarkomt).

---

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysΓ»nder of fergetten Frysk wurd op @Omrop FryslΓ’n radio yn it programma Goeiemiddei mei Johan Terpstra.
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!πŸ“Έ

Diskear mei tank oan Paul! 😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
πŸ“š In nije moanne! En dus wer 10 nije boeketips fan de AfΓ»k! Lekker lΓͺze! πŸ“š

Noch mear boeken? Tsjek de link! ⬇️

https://websjop.afuk.frl/frl/producten/afuk-boeketip-10/
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!πŸ“Έ

Diskear mei tank oan Sierou en Poiesz Supermarkten! 😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!πŸ“Έ

Diskear mei tank oan Pauline! 😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
Copyright Β© 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram