previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Praat mar Frysk-stikker

Mei dizze PraatmarFrysk-stikker kinst fansels sjen litte datst Frysk praatst en dat oaren dat ek tsjin dy dwaan kinne. Hy kin oer min waar, dat hy is ek ferrekte handich foar op it rút, de doar, dyn fyts, dyn auto, dyn tas, dyn aginda, dyn dinges... Formaat: 9,5 sm.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan ús besikers op praatmarfrysk.nl
Ik wurkje as planner. En tegearre mei noch ien kollega binne wy Friezen. Der wurkje ungefear 600 minsken en der binne ek in oantal Friezen yn de organisaasje. Mei dit PMF spul kinne wy ús Fryske kollegas sjen litte dat se harren memmetaal prate kinne by ús op kantoar!
Bouwe - PI Leliestad
De reden dat ik dit promoasjemateriaal oanfreegje is omdat ik drok dwaande bin om in kollega Frysk te learen. Ik wurkje yn it sikehûs en fyn it wichtich dat der mear Frysk praat wurdt.
Anna / Aldegea SWF
Ik ha it materiaal besteld omdat ik myn freon út Twente Frysk oant learen bin. Hij brûkt al in pear moaie Fryske wurden (fergees, tút en lekker koese) en seit as hij de doar ut giet: sûnder tút de doar net út Hanne!
Hanne / Hitzum
Ik woon in Weststellingwerf en ik vind dat hier ook samen met de Stellingwerfse taal Fries gesproken moet en kan worden! Het is hier in Weststellingwerf een drama. Ik hoop in de toekomst dat Fries hier ook gewoon wordt geaccepteerd. Heel veel mensen die Fries zijn worden hier gepest dat Fries hier niet hoort. Zo jammer.
Gerardus / Noordwolde
Mijn beppezisser van 15 heeft zichzelf de Friese taal aangeleerd. Dat vind ik geweldig, dat de jeugd de Friese taal blijft gebruiken, opdat het niet verloren gaat tussen al die Engelse invloeden in hun taal. Voor Sinterklaas maak ik voor hem een groot Fries pakket, zodat hij het nog meer kan uitdragen.
Yvonne / Snits
1 2 3 17

Foar dy

Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin!

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje ús op Instagram

Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Praktysk, finansjeel en kreatyf! Mail nei ynfo@praatmarfrysl.nl!

#FryskeFreed #Frysk
By 'Stationscafetaria De Oriënt' yn Bûtenpost woenen se wol mear mei it #Frysk. Dat sy namen kontakt mei ús op om te hearren wat der mooglik wie. Benijd wat sa'n gearwurking opsmite kin en hoe't je it #Frysk foar je wurkje litte kinne? Tsjek de fideo!

#FryskeFreed
🥳 𝗜𝘁 𝗶𝘀 𝘄𝗲𝗿 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸𝗲𝗙𝗿𝗲𝗲𝗱! 𝗪𝗮𝘁 𝗱𝗼𝗰𝗵𝘁 𝗷𝗶𝗺 𝗯𝗲𝗱𝗿𝗶𝘂𝘄 𝗺𝗲𝗶 𝗶𝘁 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸?

Elke twadde freed fan de moanne fiere wy #FryskeFreed!

It doel? It Frysk sichtberder meitsje en bedriuwen oanmoedigje it #Frysk faker te brûken.

➡️ 𝗪𝗮𝘁 𝗱𝗼𝗰𝗵𝘁 𝗷𝗶𝗺 𝗯𝗲𝗱𝗿𝗶𝘂𝘄 𝗺𝗲𝗶 𝗶𝘁 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸?
‼️ 𝗙𝗲𝗿𝗴𝗲𝘁𝘁𝗲𝗻 𝘄𝘂𝗿𝗱𝗲𝗻: 'Kwizekwânsje en Wizânsje'

➡️Kwizekwânsje
Ned: invloedrijk, van belang, consequentie
Eng: importance, consequence
Betsjutting: wichtich, ynfloedryk (fan persoanen). Immen fan kwizekwânsje wêze.

➡️Wizânsje
Ned: gewoonte, gebruik
Eng: habit, custom, practice, usage
Betsjutting: gewoante, gebrûk, wat as gebrûklik oannommen wurdt, wat immen wend is om te dwaan

𝗪ê𝗿 𝗸𝗼𝗺𝘁 𝗶𝘁 𝘄𝗲𝗶?
Kwizekwânsje en wizânsje, twa foar de priis fan ien diskear. In kadootsje past wol by de desimbermoanne. Hiel faak as Fryske wurden moai en sjongsum klinke, dan komme se út it Frânsk. En dat is dizze kear net oars.

Kwizekwânsje komt fan it Frânske wurd ‘conséquence’. Yn it Nederlânske kenne wy it as ‘consequentie’ en yn it Ingelsk as ‘consequence’. Wy brûke it benammen yn de betsjutting fan ‘gefolch’, mar it hat ek de betsjutting fan ‘wichtich’, ‘fan belang wêze’. Konsekwinsjes binne fansels ek faak fan belang. 

Wizânsje is net sa’n hiel gewoan en gebrûklik wurd mear, mar it hat wol dy betsjutting: gewoante of gebrûk. Dit wurd komt fan it Frânske ‘usance’ en fansels sjochst hjir ek gelyk de Ingelske wurden ‘use’ en ‘usage’ yn. Ek it Ingelsk hat in hiel soad fan oarsprong Frânske wurden yn him. 

In oar Frysk wurde foar ‘gewoante’ is ‘wenst’. Dat komt fan ‘wenne’, ‘gewend’ wêze.
Dizze Frânske wurden binne nei alle gedachten yn de Frânske tiid en ûnder ynfloed fan de hegerein yn it Frysk terjochte kaam. Wat útspraak en skriuwwize oanbelanget binne se alhiel ferfryske. Se fiele foar ús dan ek hiel Frysk, tink bygelyks ek oan wurden as ferdivedaasje en avensearje.

➡️ Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra
Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram