Slide 2
Op syn Frysk by Poppoadium Iduna!
Iduna kloppe by ús oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hússtyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dêr graach by!
Slide 2
Yn it Frysk by blommesaak It Gieterke
It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslân 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo!
Slide 2
Nije workshops Psychology fan dyn Taal
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!
Slide 2
Wetterskip Fryslân
Wetterskip Fryslân benadere ús mei de fraach hoe’t wy harren helpe koenen om it Frysk binnen harren organisaasje in plak te jaan.
Slide 2
In kursus Frysk, ek wat foar dy?
In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan ferstean oant skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat.
previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Poster ‘Werom hast foar de wyn!’

Werom hast foar de wyn. In nije Praat mar Frysk-poster, hielendal fergees en op op A2-formaat.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan ús besikers op praatmarfrysk.nl
Tweedelig. Vriendin in Leeuwarden is nerveus om Fries te spreken, dus heb beloofd dat als zij een button draagt ik dat ook ga doen op m'n werk in Amsterdam. Daarnaast is m'n werk een plek waar veel Engels wordt gesproken en er ruimte is voor verschillende culturen. Dan mag mijn cultuur er ook zijn :)
Ineke / Utrecht
Ik haw Frysk dien op de middelbere skoalle en ik fyn it leuk om mei it Frysk dwaande te bliuwen.
Julia / Grins
Yn de Stellingwerven is it Frysk net sa prominent, mar se binne wol in part fan Fryslân. Mei de Fryske stikkers en kaartsjes wol ik op it wurk sjen litte dat it Frysk dêr seker wol wêze mei!
Nynke / Wolvegea
Ik wurkje no 4 jier yn de simmerfakânsje op deselde camping yn it suden fan Frankryk, en fyn it altyd hiel leuk om dêr oare Friezen te treffen. Dizze simmer sil ik ek wurkje op de resepsje, en ik tink dat it in moaie binnenkommer wêze soe foar Fryske gasten!
Jildou / Boarnburgum
Dochter komt vanuit Utrecht en nichtje komt vanuit Zwolle weer in Friesland wonen. Als stimulans om met het fries weer meer op te pakken en ook thuis met een Nederlands talige relatie.
Hiltje - Seisbierrum
1 2 3 6

Foar dy

Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin!

De Praat mar Frysk Kroechkwis

De leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân is der takom jier digitaal!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is fanôf takom jier ek as web-app beskikber. Sa kinne wy him foar elk dy’t ‘m oanfreget op maat oanbiede. Leuk foar by jim yn de kroech fansels, mar ek mei kollega’s yn de bedriuwskantine, mei freonen yn de keet of gewoan thús! En it is ek noch hielendal fergees! Jou dy op fia ûndersteand formulier en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op om spesjaal foar jim in kroechkwis gear te stallen. Wy hoopje yn 2024 de earste digitale Praat mar Frysk-kroechkwis út te setten!

Mear witte?

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje ús op Instagram

☀️ 𝐏𝐫𝐚𝐚𝐭 𝐦𝐚𝐫 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤 𝐛𝐲 𝐝𝐞 𝐕𝐕𝐕 𝐲𝐧 𝐋𝐚𝐧𝐠𝐰𝐚𝐫! 💖

‘Ast it Frysk aktyf brûkst, makkest it allinnich mar in grutter aventoer om yn Fryslân op fakânsje te gean.’ Wy gienen op besite yn Langwar en fregen Grietje fan VVV Waterland van Friesland hoe’t je it #Frysk foar je wurkje litte kinne yn de toeristyske sektor.

#FryskeFreed
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📸

Diskear mei tank oan Martin en de Harkemase Boys! 😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
📚 In nije moanne! En dus wer 10 nije boeketips fan de Afûk ! Lekker lêze! 📚

Noch mear boeken? Tsjek de link! ⬇️

https://websjop.afuk.frl/frl/producten/afuk-boeketip-10/
❓𝐖ê𝐫 𝐰𝐞𝐧𝐣𝐞 𝐏𝐚𝐤𝐞 & 𝐁𝐞𝐩𝐩𝐞❓

Ofrûne tongersdei fertelde ús kollega Tineke der al oer yn ús wyklikse taalpraatsje op Omrop Fryslân radio: it boerd 'Pake & beppe' by Mantgum. 

Wy krije der wit hoe faak foto's fan tastjoerd foar ús #Frysk op 'e dyk-rubryk, mar hoe sit dat eins mei dat boerd? Wa hat dat dien? Us fideoman Jelmer gie op ûndersyk út!

➡️ Hasto ek in moaie Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei ynfo@praatmarfrysk.nl!
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📸

Diskear mei tank oan Wilma! 😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram