
Us radioreklame 'Opfalle? It Frysk wurket!' is nominearre foar it Gouden Pompeblêd, dé publykspriis foar de meast kreative, pakkende en ympaktfolle commercial fan 2025 by Omrop Fryslân!
Fynsto dat wy dy priis ek écht fertsjinje? Dyn stim bringst oant en mei 8 april út fia dizze link.
Ut in grut tal ynstjoerings hat in ynterne seleksjekommisje by Omrop Fryslân Reklame de commercials soarchfâldich beoardiele. Dêrút is in top 3 audio-commercials en in top 3 fideo-commercials selektearre.
Us radiospot ‘Opfalle? It Frysk wurket!’ is foarmjûn troch Buro KLEI en produsearre troch 2-INCH-media. De spot wie ek op tv te sjen.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl