De psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Taalgedrach en -gewoantes

De workshop biedt ynsjoch yn ‘taalgedrach en – gewoantes’ fan minsken yn it algemien. Dêrneist jout de workshop hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach yn it bysûnder. Net omdat it moat, mar omdat it nijsgjirrich is. Fleurich, mei ynhâld en foar elkenien te folgjen. De workshop bestiet út ien deidiel mei opsjoneel noch in weromkom-momint dat yn oerlis mei de dielnimmers fêststeld wurdt. Dielname is fergees.

Meidwaan?

Hast belangstelling foar dizze workshop? Sjoch yn de aginda foar mooglike data en plakken en jou dy op. Dyn foarkar joust oan yn it fjild foar opmerkingen. Gjin aktuele of passende data foar dy yn ús aginda? Jou by dyn oanmelding dan oan datst belangstelling hast, dan ynformearje wy dy sadree’t dat mooglik is oer de mooglike, nije opsjes.

Jou dy op foar de workshop

“By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie.”

Sabine (26) har lêste staazje by Yung Frysk wie life-changing. It makke har bewust fan wa’t se is en wat sy útdrage wol. Al dwaande mei har misje blykt har ynfloed op de wrâld om har hinne grutter as ferwachte. Giga, eins.

Sabine: “Ik folge dêr mei de kollega’s in workshop Psychology fan dyn taal. Wy krigen mear ynsjoch yn ús eigen taalgedrach en –gewoanten en wy krigen hânfetten om dêrmei oan ’e slach te gean. By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie. Ik ha der thús oer praat mei ús heit en mem. Us heit set him der no ek foar yn, want hy wit dat as gjinien de taal praat, dy ek ferlern giet. Ek op myn suske en sweager hat it grutte ynfloed hân. Myn sweager hat likefolle Surinaamsk as Frysk dna. No’t se tegearre in berntsje krije, wolle se it ek graach yn it Frysk grutbringe. De taal trochjaan omdat it kin. Om’t taal dy riker makket, liniger mei talen, en mear begryp kreëarret foar oaren. It makket dy iepener: hoe sit dat yn in oare taal, yn in oare omjouwing?”

Lês hjir mear oer wat de workshop Psychology fan dyn Taal mei Sabine dien hat.

Aginda

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Ljouwert = FOL

12 febrewaris 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fannejûn yn Ljouwert.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Bûtenpost = FOL

28 febrewaris 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fannejûn yn Bûtenpost.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Frjentsjer

02 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fannemoarn yn Frjentsjer.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Snits = FOL

04 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fannejûn yn Snits.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Balk

06 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fannejûn yn Balk.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal op it Hearrenfean = Fol

07 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fan ‘e middei op It Hearrenfean.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Drachten = FOL

14 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fan ‘e middei yn Drachten.
Mear ynfo

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Boalsert

23 maart 2024
Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fan ‘e moarn yn Boalsert.
Mear ynfo

Nijs

Lês hjir it lêste nijs oer ús treningen en alles wat dêr mei anneks is.

“By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie.”

24 januari 2024 ()
Sabine (26) har lêste staazje by Yung Frysk wie life-changing. It makke har bewust fan wa’t se is en wat sy útdrage wol.
Mear ynfo

Nije workshops Psychology fan dyn Taal rûnom yn Fryslân

29 november 2023 ()
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!
Mear ynfo

Net dreech, wol hiel leuk: workshop Taalpsychology

04 november 2022 ()
Taal. Brûkst it alle dagen mar stiest der net sa faak by stil. Wat betsjut taal eins foar dy? Wannear brûksto hokker taal? Nijsgjirrich?
Mear ynfo

Us treners!

Hjirûnder fynst in oersjoch fan ús treners mei in koarte biografy. Us treners hawwe allegear ûnderfining mei coaching of prosesbegelieding en it jaan fan workshops, en se hawwe fansels allegear in spesjale bining mei taal!

Lian Nijenhuis

Lian Nijenhuis is Friezin van oorsprong, geboren in Nieuwehorne en getogen in Mildam. Na omzwervingen in Leeuwarden, Frankrijk en Groningen woont zij alweer bijna 20 jaar in Mildam met haar gezin. Met familie met wortels in de stellingwerven en Friesland en thuis met de Nederlandse taal opgevoed is zij van alle talen thuis. Vanuit haar eigen bedrijf werkt zij als procesbegeleider en trainer met het gedachtegoed en de gesprekstools van Deep Democracy aan verbindend leiderschap voor leiders van de toekomst. Als ‘natuurlijke’ coach brengt zij mensen letterlijk in beweging in de buitenlucht op de (race) fiets.

Gerda Cuperus

Gerda Cuperus is geboren op ‘t Bildt en ok al weunt se der al jaren niet meer, hur taal is se altyd trou bleven. Se weunt al ‘n mooi skoft in ‘t prachtige Aldeboarn. In hur werkseme leven is se fan oorsprong maatskaplik werker en sont 2016 as ZZP’er aktyf as coach, interfizybegelaider, trener en supervisor. Taal het foor hur te krijen met thús weze en aksepteerd worre en se het d’r ok ‘n prot lol met. Met plesier en liefst sonder oordelen na je aigen (taal-)gedrag kike is de rooie draad in hur werk.

Gerbrich Dijkstra

Myn namme is Gerbrich Dijkstra en ik bin sa’n 30 jier in Fries om utens. Ik wenje yn in doarpke yn Grinslân, mar bin sa wiis mei myn memmetaal dat ik sels dêr Frysk praat mei de bern. As zzp’er op bestjoerskundich mêd – ik mei graach ‘sleutelje’ oan better funksjonearjende gemeenten – ha ik wolris in putsje yn Fryslân en mei troch de taal fielt dat altyd wer as thúskommen. De workshop Psychology fan myn taal jout my de gelegenheid om mei oare minsken oer ien fan myn favorite saken te praten: de Fryske taal en wat dy foar dy betsjut.

Karen de Jong

Ik bin Karen. Ik wenje mei myn man en ús gearstalde húshâlding yn it moaie Bakkefean. Oan ‘e râne fan it Drents-Friese Woud. Yn it deistich libben bin ik ûndernimmer. Ik wurkje in protte as interim-manager, benammen yn fúzje-organisaasjes. Derneist jou ik trainingen yn Deep Democracy, Systemisch Wurk en teamûntwikkeling. En ik wurkje foar de Afûk as wurksjoplieder Psychology fan dyn taal. Streektalen, en dan benammen myn eigen memmetaal, it Frysk, lizze my fansels nei oan it hert!

Sandra Buith

Ik bin Sandra Buith en ik wenje yn Oentsjerk mei myn dochters en hûnen. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en Nederlânsktalich grutbrocht. Beppe fûn it wol belangryk om Frysk tsjin my te praten, mar ik ferstie it net altyd … Sa krige ik in kear sûpe (karnemelk) fan beppe, mienend dat ik sop krije soe. Nei 10 jier ‘om utens’ die ik, werom yn it heitelân, in kursus Fries voor niet-Friestaligen. Dêr ûntduts ik dat myn wurdskat best wol grut is en koe ik myn eangst om Frysk te praten oerwinne. Sûnt dy tiid praat ik graach (en bewust) Frysk yn winkels, by gearkomsten dy’t ik lied, yn myn coachingspraktyk en by treningen dy’t ik jou.
Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram