Fryske Whatsapp en Signal-stikkers!

Om de UNESCO International Mother Language Day, oftewol 'Memmetaaldei' te fieren, kaam Praat mar Frysk op 21 febrewaris dit jier mei machtich moaie Fryske WhatsApp-stikkers! Sa soargje wy foar mear sichtberheid fan ús memmetaal. En om ek alle Fryske Signal-brûkers temjitte te kommen, binne de Fryske app-stikkers no ek beskikber foar Signal!

Diel se mei al dyn freonen, famylje, kollega’s, bern, buorlju, sportmaten, .... mei elkenien! Praat mar Frysk, ék yn Signal en WhatsApp!

Mar hoe komst no oan dy leuke stikkers?

Signal-stikkers
Wolsto de Praat mar Frysk-stikkers ek yn Signal brûke? Klik hjirûnder op de download-knop, dan iepenet der in skermke fan Signal. Dêrmei kinst it stikkerpakket fuortdaalk tafoegje yn dyn Signal-app. Dêrnei sjochst yn dyn chat-skerm (ûnder it stikker-ikoantsje) alle 10 de stikkers stean, mei in prachtich moai PMF-logo'tsje der boppe; sa kinst se ynfâldich wer werom fine! 

WhatsApp-stikkers
Ast op ûndersteande knop klikst, wurdt dyn WhatsApp iepene en komt der automatysk in berjocht by Praat mar Frysk binnen. Wy stjoere dy dan sa gau as mooglik de 10 stikkers ta. Sla it pakket op en brûk de stikkers dêrnei yn al dyn WhatsApp gesprekken!

Goed om te witten
De Praat mar Frysk WhatsApp wurdt allinne brûkt foar dizze stikker-aksje! Foar fragen of opmerkingen kinst kontakt opnimme fia ynfo@praatmarfrysk.nl

Hoe brûkst de Praat mar Frysk stikkers yn Whatsapp?
- Iepenje de chat dêr'tst in stikker hinne stjoere wolst.
- Tik op it sticker-ikoantsje yn/by de typ-balke.
- Scroll troch de list en gean nei it sticker pakket fan Praat mar Frysk.
- Tik op de stikker dy'tst stjoere wolst.

Komst der net út? Hjir fynst mear ynformaasje yn it Nederlânsk.

Hasto de Giphy app?

Dizze Praat mar Frysk WhatsApp stikkers binne ek te finen yn de Giphy-app! 

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram