Foar dy

Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte? Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin: fergees promomateriaal, de Fryske Kroechkwis foar yn dyn pleatslike kroech, kinst dy opjaanfoar de Fryske taaltest Blinder of Blunder, download ús Praat mar Frysk app, doch mei oan de workshop Psychology fan dyn Taal, of stjoer in foto yn foar Frysk op 'e dyk. Hast sels in idee of hast mear promomateriaal nedich? Stjoer ús in mailtsje: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Mear Frysk by jim op 'e saak?

06 november 2025 ( - )
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. It Frysk falt op! Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen […]
Mear ynfo

Lit it Frysk bloeie yn 'De Bloeiwiken'

22 september 2025 ()
Wy sjogge werom op in tige suksesfolle perioade fan gearwurking mei de Bloeiwiken en dêr fertelle wy graach wat mear oer. It ôfrûne healjier hawwe wy ús aktyf rjochte op aktiviteiten yn doarpen en doarpsmienskippen (of in wyk/buert of stedsdiel), om it brûken fan it Frysk mear te stimulearjen. Wy fernamen nammentlik dat noch net […]
Mear ynfo

Ljep mar Frysk by it Ljeppersbûn

25 augustus 2025 ( - )
It Ljeppersbûn woe mear mei it Frysk en frege ús mei te tinken oer hoe't je soks binnen je klup no it bêste oanpakke kinne. Fansels helpe wy dêr graach by! Tegearre mei it Ljeppersbûn hawwe wy de mooglikheden bydel west en hawwe wy sjoen nei wat foar harren wurket. En it is prachtich wurden! […]
Mear ynfo

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?
Copyright © 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram