Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Indexus

Dit is Gosse Akkerman fan Indexus, in fermogensbehear en jildadvys-buro op it Hearrenfean. En wat hat hy no eins mei it Frysk? Is it Frysk it middel om út 'e krisis te kommen? Wy gienen by Gosse op 'e kofje om te hearren wat Indexus mei it Frysk hat. Besjoch it filmke!
Besjen

Priuw

Wy giene op besite by Priuw yn Ljouwert. Eigneresse Hielkje van der Molen ferkeapet allinnich mar Fryske produkten en dêr woene wy fansels mear fan witte!
Besjen

Van der Velde Sliepkomfort

Wy gienen op besite yn Winsum by de ienige echte 'beddoloog' fan Fryslân. Wat hat hy mei it Frysk? En wat smyt it Frysk foar him op yn it kontakt mei de klant? Besjoch no it filmke en lekker koese!
Besjen

Terherne Haven

Tolke de Boer hat midden yn Terherne in haven mei klassike skippen en fakânsjehúskes. Hoe docht sy dat mei it Frysk en hoe brûkt sy dat foar har bedriuw?
Besjen

Te keap yn Fryslân

Om't Marktplaats gjin Frysk brûke woe, tochten de mannen fan Te keap yn Fryslân, dan dogge wy it sels wol! In pear jier lyn begûnen sy de online ferkeapsite Te keap yn Fryslân. En mei grut sukses! Troch heel Fryslân wurdt der guon oanbean en ferkocht.
Besjen

Sijperda Verhuur

Sijperda ferhier yn Snits kaam yn maart mei in prachtige Fryske reklame. Mar wêrom no eins yn it Frysk? Smyt it Frysk mear hannel op? Wy wienen benijd nei wat se dêr by Sijperda mei it Frysk hawwe. Besjoch it filmke!
Besjen

Sonnema

Sonnema Berenbrug, Frysker kinst it hast net fine. Mar hoe Frysk is Sonnema eins? En hoe drage sy dat út bûten Fryslân? Wy gienen op besite om in slokje by Gelkje fan Sonnema om te hearren hoe't it sit. Besjoch de fideo! Tsjoch!
Besjen

Auke Drost skipper

Auke Drost fan Akkrum is 'allround' skipper. Fan skipper op it Steatejacht 'De Friso' oant it lesjaan yn farren foar farbewizen en navigaasje. Wy makken tegearre mei Auke in tochtsje oer it wetter om te hearren wat hy mei it Frysk hat.
Besjen

Sjoukje Terpstra

Sjoukje Terpstra is grafysk ûntwerper, styliste en wurket by Batavus.
Besjen

Roel Snip klusbedriuw

Roel Snip hat syn eigen klusbedriuw. Hij sjongt wol graach even wat tusken de bediuwen troch. En ek wol op in podium. Roel praat Frysk en is hiel handig my alle soarten fan ark. Roel fynt dat elkenien fry is syn eigen taal te praten of sjongen.
Besjen

Huthamaki

Foppe Bron, wurket by Huthamaki en fljocht de hele wrâld oer foar syn wurk en moetet de meast bysûndere minsken. Oeral wêr't er komt treft er Friezen. Bygelyks Hûnekop-fans yn Brasi!
Besjen

De Staat van Creatie

Nei't er in jier yn Rotterdam wenne ferhuze Tarek mei syn freondinne werom nei Fryslân om dêr foar himsels oan 'e gong te gean as grafysk foarmjouwer. En hy liet Praat mar Frysk witte dat wy fan 't simmer ekskusive Fryske shirts by him bestelle kinne.
Besjen

De Wartenster

Jacob Nauta is tsiisboer. Hy makket Wartenster Tsiis en praat Frysk mei syn kij!
Besjen

Oral Fit Mondhygiëne

Wy krije gauris bestellings binnen fan bedriuwen dy't it spesjale Praat mar Frysk-bedriuwspakket bestelle. Dan binne wy fansels heel benijd nei it hoe, wat en wêrom. Ien fan 'e bestellings gie nei Frentsjer, nei Aleida Verboom; mûlhygiëniste by Oral Fit Mondhygiëne.
Besjen

Groenewegen en Partners

Underwilens binne der ûntelbere Praat mar Frysk pakketten de doar út gien. Mar wat soe der no eins mei al dy pakketten dien wurde? En wat binne de reaksjes op bygelyks de opblaaslippen?
Besjen

Joop Zandberg Fietsplezier

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by fytsmakker Joop Zandberg fan Grou om te hearren wêrom't it belangryk om de taal fan de klant te praten. Besjoch it filmke!
Besjen

Fristile

Underwilens binne der ûntelbere Praat mar Frysk pakketten de doar út gien. Mar wat soe der no eins mei al dy pakketten dien wurde? En wat binne de reaksjes op bygelyks de opblaaslippen? Wy fan Praat mar Frysk gienen ferline wike op 'e kofje yn Frjentsjer by Sjoukje Tijssen fan Friestile om te hearren wat sy docht en wêrom't it foar har belangryk is om de taal fan de klant te praten.
Besjen

Remon BV

De opblaaslippen fleane noch altyd de doar út. Sa bestelde Geert de Jong fanút syn funksje by Remon BV út it Grinzer Marum ek in pear fan dy moaie reade tútsjes. Remon BV hat in sterke sakerelaasje mei Dútslân en neffens Geert hat in Fries yn Dútslân in streekje foar op de rest: "Fryslân is in sterk merk, seker yn Dútslân." Besjoch it filmke!
Besjen

Simmerdyk Media

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Nina Janssen fan Simmerdyk Media. Simmerdyk Media is in kommunikaasjebedriuw dat foar ferskate bedriuwen twatalige teksten en de foarjmouwing fersoarget. In skofte lyn bestelde sy it Praat mar Frysk pakketsje foar bedriuwen. En wy wienen fansels benijd wêrom.
Besjen

Kabelnoord

Koartlyn brocht Kabel Noord in dvd út mei in twatalige voice-over; Frysk en Nederlânsk. Neffens Pytsje Wobbes fan Kabel Noord hat it Frysk binnen it bedriuwslibben in soad foardielen. As jo klanten yn it Frysk te wurd stean kinne, steane jo automatysk tichter by de klant. Mear tips? Besjoch it filmke!
Besjen

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram