Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Arriva

Frysk prate tsjin de bussjauffeur yn Fryslân? De gewoanste saak fan 'e wrâld fansels! Ek op de bussen fan Arriva is it Frysk goed sichtber. Anne Hettinga fan Arriva oer it belang fan it Frysk foar Arriva.
Besjen

Fotoshop Bekkema

Anne is in echte Fries en hat as ienige fotosaak yn 'e wrâld in Frysk 'ynteekstasjon'! Ek foar te gekke Fryske siswizetegels moatst by Anne wêze.
Besjen

Keukenland Design

Jelco fan Keukenland Design yn Frentsjer bestelde in Praat mar Frysk-pakket foar bedriuwen. By Keukenland Design wolle se de klant net as nûmer behannelje, mar in persoanlike klik mei harren hawwe. It Frysk spilet dêr in grutte rol yn.
Besjen

Coaching & Massaazjeterapy

Spierpine? Lêst fan'e rêch? Dan moatst by Boudien Coaching & Massaazjeterapy wêze! Wy fan Praat mar Frysk gienen om in bakje kofje by Boudien yn Aldegea, want wat hat sy mei it Frysk en wat smyt it har op?
Besjen

ASN Ynstallaasjes

Sinneskynwaar en Sinnepanielen Wat hat ASN Installaties mei it Frysk? En wat smyt it op? Wy gienen op 'e kofje by ASN Installaties yn Dokkum!
Besjen

Sylmakkerij Sterk

Fred Sterk fan Sylmakkerij Sterk yn Snits makket alles wat boppedeks op in skip sit. Mar dan ek echt alles. En it leukste noch is datst by Sterk-en-dy gewoan yn it Frysk dyn guod bestelle kinst! Wy gienen op besite by in écht Frysk bedriuw ...
Besjen

Jachthaven Nijesyl

Iede Nieuwhof, havenmaster fan de jachthaven Nijesyl, kocht trije jier lyn in haventsje yn Easthim om ris wat oars te dwaan. Gastfrijheid stiet foarop foar Iede, dêrby is taal in belangryk middel. Hoe docht hy dat mei it Frysk en wat smyt it him op?
Besjen

AB-Fakwurk

Wat hat AB Fakwurk mei it Frysk? En wat smyt it op? Wy gienen op ’e kofje by AB Fakwurk yn Snits! Bist benijd hoe en wat? Tsjek it filmke!
Besjen

Autobedriuw Hoogterp

Wy gienen op besite by Autobedriuw Hoogterp yn Gaastmar om te hearren wat se dêr mei it Frysk hawwe. Wat smyt it Frysk bygelyks op yn kontakt mei de klant? Besjoch it filmke! Tuut, tuuuut!
Besjen

Kapsalon Papillot

Wy gienen op besite by Klaske Fennema fan Kapsalon Papillot yn Reduzum. Wat hat sy mei it Frysk? En wat smyt it op?
Besjen

Indexus

Dit is Gosse Akkerman fan Indexus, in fermogensbehear en jildadvys-buro op it Hearrenfean. En wat hat hy no eins mei it Frysk? Is it Frysk it middel om út 'e krisis te kommen? Wy gienen by Gosse op 'e kofje om te hearren wat Indexus mei it Frysk hat. Besjoch it filmke!
Besjen

Priuw

Wy giene op besite by Priuw yn Ljouwert. Eigneresse Hielkje van der Molen ferkeapet allinnich mar Fryske produkten en dêr woene wy fansels mear fan witte!
Besjen

Van der Velde Sliepkomfort

Wy gienen op besite yn Winsum by de ienige echte 'beddoloog' fan Fryslân. Wat hat hy mei it Frysk? En wat smyt it Frysk foar him op yn it kontakt mei de klant? Besjoch no it filmke en lekker koese!
Besjen

Terherne Haven

Tolke de Boer hat midden yn Terherne in haven mei klassike skippen en fakânsjehúskes. Hoe docht sy dat mei it Frysk en hoe brûkt sy dat foar har bedriuw?
Besjen

Te keap yn Fryslân

Om't Marktplaats gjin Frysk brûke woe, tochten de mannen fan Te keap yn Fryslân, dan dogge wy it sels wol! In pear jier lyn begûnen sy de online ferkeapsite Te keap yn Fryslân. En mei grut sukses! Troch heel Fryslân wurdt der guon oanbean en ferkocht.
Besjen

Sijperda Verhuur

Sijperda ferhier yn Snits kaam yn maart mei in prachtige Fryske reklame. Mar wêrom no eins yn it Frysk? Smyt it Frysk mear hannel op? Wy wienen benijd nei wat se dêr by Sijperda mei it Frysk hawwe. Besjoch it filmke!
Besjen

Sonnema

Sonnema Berenbrug, Frysker kinst it hast net fine. Mar hoe Frysk is Sonnema eins? En hoe drage sy dat út bûten Fryslân? Wy gienen op besite om in slokje by Gelkje fan Sonnema om te hearren hoe't it sit. Besjoch de fideo! Tsjoch!
Besjen

Auke Drost skipper

Auke Drost fan Akkrum is 'allround' skipper. Fan skipper op it Steatejacht 'De Friso' oant it lesjaan yn farren foar farbewizen en navigaasje. Wy makken tegearre mei Auke in tochtsje oer it wetter om te hearren wat hy mei it Frysk hat.
Besjen

Sjoukje Terpstra

Sjoukje Terpstra is grafysk ûntwerper, styliste en wurket by Batavus.
Besjen

Roel Snip klusbedriuw

Roel Snip hat syn eigen klusbedriuw. Hij sjongt wol graach even wat tusken de bediuwen troch. En ek wol op in podium. Roel praat Frysk en is hiel handig my alle soarten fan ark. Roel fynt dat elkenien fry is syn eigen taal te praten of sjongen.
Besjen

Copyright © 2023 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram