Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Groenewegen en Partners

Underwilens binne der ûntelbere Praat mar Frysk pakketten de doar út gien. Mar wat soe der no eins mei al dy pakketten dien wurde? En wat binne de reaksjes op bygelyks de opblaaslippen?
Besjen

Joop Zandberg Fietsplezier

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by fytsmakker Joop Zandberg fan Grou om te hearren wêrom't it belangryk om de taal fan de klant te praten. Besjoch it filmke!
Besjen

Fristile

Underwilens binne der ûntelbere Praat mar Frysk pakketten de doar út gien. Mar wat soe der no eins mei al dy pakketten dien wurde? En wat binne de reaksjes op bygelyks de opblaaslippen? Wy fan Praat mar Frysk gienen ferline wike op 'e kofje yn Frjentsjer by Sjoukje Tijssen fan Friestile om te hearren wat sy docht en wêrom't it foar har belangryk is om de taal fan de klant te praten.
Besjen

Remon BV

De opblaaslippen fleane noch altyd de doar út. Sa bestelde Geert de Jong fanút syn funksje by Remon BV út it Grinzer Marum ek in pear fan dy moaie reade tútsjes. Remon BV hat in sterke sakerelaasje mei Dútslân en neffens Geert hat in Fries yn Dútslân in streekje foar op de rest: "Fryslân is in sterk merk, seker yn Dútslân." Besjoch it filmke!
Besjen

Simmerdyk Media

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Nina Janssen fan Simmerdyk Media. Simmerdyk Media is in kommunikaasjebedriuw dat foar ferskate bedriuwen twatalige teksten en de foarjmouwing fersoarget. In skofte lyn bestelde sy it Praat mar Frysk pakketsje foar bedriuwen. En wy wienen fansels benijd wêrom.
Besjen

Kabelnoord

Koartlyn brocht Kabel Noord in dvd út mei in twatalige voice-over; Frysk en Nederlânsk. Neffens Pytsje Wobbes fan Kabel Noord hat it Frysk binnen it bedriuwslibben in soad foardielen. As jo klanten yn it Frysk te wurd stean kinne, steane jo automatysk tichter by de klant. Mear tips? Besjoch it filmke!
Besjen

Snoek Hoveniers

Ofrûne wike freed wienen Wy fan PraatmarFrysk op besite by Snoek Hoveniers yn Grou. Sy hiene in skoft lyn in PraatmarFrysk-pakket besteld en wy wiene benijd wêrom. Direkteur Douwe Snoek fertelt oer de rol fan it Frysk binnen syn bedriuw.
Besjen

Snakeware

Ynternetbedriuw Snakeware hat festigings oer de hele weareld en ien dêr fan sit yn Snits. Hoewol't mear as de helte fan 'e meiwurkers yn Snits net Frysktalich is, fine se dochs dat se it Frysk seker net ferjitte moatte. Dêrom yntrodusearren se in saneamde 'Fryske Freed'.
Besjen

Plysje Fryslân

Offisjeel moatte alle wurknimmers fan Fryske oerheidsynstânsjes it Frysk yn alle gefallen passyf behearskje. Dat hâldt yn dat ek plysjeminsken it Frysk minimaal ferstean kinne moatte. Want soks wurket yn it foardiel fan de plysjeman/-frou en it is boppe alles foaral ek klantfreonlik.
Besjen

Ronald McDonald Hoeve

Wy fan Praat mar Frysk wienen benijd hokker rol it Frysk binnen de Ronald McDonald Hoeve spilet en gienen op ûndersyk mei Renate.
Besjen

Frysk Uitburo

Jim hienen it grif al fia ús Hyves lêzen, mar jim kinne no ek yn it Frysk lêze wêr't jim op stap moatte. Neffens it Uitburo is it net mear as logysk om de klant yn syn of har eigen taal harren service te bieden.
Besjen

Mc Donalds Snits

Mei in spesjale aksje waard yn Snits de ôftraap fan de Winterwiken by McDonald's jûn. De earste 50 klanten dy't redens by har hiene, krigen fergees in Snitsburgermenu.
Besjen

Electro World

Al mear as 40 jier sit Electro World Talsma yn Dokkum. Neffens bedriuwslieder en mei-eigner Thomas Loonstra is twatalich personiel foar syn bedriuw ekstra belangryk om 't sy in echte Fryske regio betsjinje. Thomas Loonstra oer it belang fan it Frysk binnen syn bedriuw.
Besjen

De Jong Interieurbetimmeringen

Praat mar Frysk yn petear mei Rudolf de Jong fan it lyknammige ynterieurbetimmeringsbedriuw oer it belang fan it Frysk binnen syn branche.
Besjen

Húsdokter J.J.M. Jansen

Wy fan Praat mar Frysk binne sa fit as wat, mar dochs gienen wy even op sprekoere. Want hoe sit dat mei it Frysk fan dokter Jan Jansen? In plattelânsdokter soe dochs wol in bytsje Frysk prate kinne moatte dochs?
Besjen

Opblaaslippe-aksje op De Jouwer mei Jitiizer!

De Praat mar Frysk-kampanje is los yn Skarsterlân! Dêrom tôgen wy tegearre mei Jitiizer nei De Jouwer om de Midstrjitte om te doopjen ta de earste Praat mar Frysk-strjitte fan Skarsterlân!
Besjen

Machiels Abbekaten

Machiels Advocaten, mei fêstigings yn Drachten, Snits en Bûtenpost, is folslein twatalich. Neist it Nederlânsk is it Frysk like wolkom.
Besjen

Jelle Talsma auto's

Mei trije fêstigings is autobedriuw Jelle Talsma ien fan 'e gruttere autobedriuwen yn Fryslân. Dikke kâns dus datsto dêr ek in auto kocht hast. Praat mar Frysk op besite yn Ljouwert by autobedriuw Jelle Talsma.
Besjen

De Bruin & Cho Coiffures

Wy fan Praat mar Fryks moatte ek wol ris nei de kapper. Dat wy stapten de auto yn nei de Lemmer en moeten dêr Kees de Bruin. In echte Fryske topkapper! Mar wat fynt sa'n coiffure-man no eins fan it Frysk en hoe brûkt hy it yn syn saak? Besjoch it filmke!
Besjen

Bruna

Tessa Blaauw hat tegearre mei har man in boekesaak oan 'e Dykstrjitte yn Frentsjer dy't sûnt twa jier oansluten is by de lanlike Bruna-keten. En ek dêr hingje de opblaaslippen fan Praat mar Frysk! Wy woenen wol ris witte wêrom en stapten de Bruna yn. Besjoch ús filmke!
Besjen

Copyright © 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram