Bedriuwsfideo

Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge. En dêr meitsje wy in fideo fan! Hjirûnder fynst in oersjoch.

Brûksto it Frysk ek op dyn wurk? Wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail ús: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Praat mar Frysk by de ortodontist!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op besite by Daniël van der Meulen fan Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Wat hat hy mei it Frysk en wêrom is it sa fijn dat je Frysk prate kinne by him yn 'e praktyk? En wêrom wie Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra by him op besite?
Besjen

Praat mar Frysk op de kemping!

Anke fan kemping De Wigwam yn Aldemardum bestelde Praat mar Frysk-materiaal om har Fryske gasten sjen te litten dat se har ek op harren fakânsjeadres gewoan yn harren memmetaal uterje kinne. Mar ék om gasten fan bûten Fryslân yn ‘e kunde komme te litten mei it Frysk. Wy fan Praat mar Frysk wienen benijd nei it ferhaal en gienen op ‘e kofje by kemping De Wigwam! Praat mar Frysk op de kemping!
Besjen

Praat mar Frysk yn 'e soarch!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op besite by soarchgroep Noorderbreedte. Oer it Frysk yn 'e soarch en hoe fijn it wêze kin ast dy yn dyn memmetaal útdrukke kinst. (Dizze fideo is opnommen foar’t de RIVM-maatregels fan krêft wienen)
Besjen

Dit is it lekkere fan Albert Heijn Damwâld

Wat in primeur! De earste twa Frysktalige supermerken yn Fryslân binne offisjeel iepene. De Albert Heijn yn Damwâld en 'Alles ûnder ien dak' yn Eastermar binne fan no ôf op en top Frysk. Durk Boer fan de Albert Heijn yn Damwâld fertelt wêrom’t dit in skitterende ûntwikkeling is.
Besjen

Praat mar Frysk yn bedriuw!

Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich. It is dêrom weardefol dat minsken harren eigen taal sa folle mooglik brûke kinne, om har better út te ferwurdzjen. Sa brûke Feike Brouwer (Wagenborg Nedlift) en Gerben Dijkstra (Levvel, konsortsium fan BAM, Van Oord en Rebel) #Frysk by harren petearen mei elkoar en mei kollega’s. Dit soarget foar ferbining, better wurk en goede oplossingen. Sels sizze se it sa...
Besjen

Praat mar Frysk by de dokter!

Praat mar Frysk op besite by Mark Esinger, húsdokter yn Tsummearum! In pear jier lyn kaam hy fanút Heemstede nei Fryslân om te wurkjen. Wy woenen wolris mei him yn petear oer wêrom’t hy in kursus Frysk docht. Húsdokter Mark oer de mearwearde fan it Frysk en wêrom’t it belangryk is foar in dokter dat dy ek it Frysk machtich is.
Besjen

Praat mar Frysk by Zeilschool Pean!

Zeilschool Pean is neffens eigen sizzen in échte Fryske sylskoalle. Hoe sit dat? Hy gean sy mei it Frysk om en wat smyt it harren op? Wy gienen op 'e kofje om te hearren hoe't sy it dogge. Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje by Hulpmiddelencentrum Fryslân

Hulpmiddelencentrum Fryslân bestelde Praat mar Frysk-promoasjemateriaal. Reden foar ús om ris op 'e kofje! Want hoe dogge sy it dêr mei it Frysk?
Besjen

Op 'e kofje by Saar aan Huis Fryslân

Thússoarch yn it Frysk... Dat is dochs hiel gewoan? 'Saar aan Huis' fynt fan wol. En harren kliënten en meiwurkers binne it dêr hielendal mei iens! Wy gienen op 'e kofje by 'Saar aan Huis' om te hearren hoe en wat. Tsjek de fideo!
Besjen

Op 'e kofje, eeh wyn, by De Wijnimporteurs yn Sint Nyk!

Mear as 300 winen en ek noch in eigen label: 'de Frison', in échte Fryske wyn. Hoe sit dat presys? Wy gienen op 'e kofje, eeh wyn, by de Wijnimporteurs yn Sint Nyk om te hearren wat sy mei it Frysk hawwe en wat it harren opsmyt! Tsjoch!
Besjen

Op 'e kofje yn Grins by Norisk IT-groep

Twa Fryske bazen yn Grins. Hoe wurket dat op 'e wurkflier? Wat binne no krekt dy Fryske genen? En wat smyt it Frysk harren op yn it kontakt mei de klanten? Se fertelle der graach oer! Tsjek de fideo!
Besjen

Praat mar Frysk op besite by goudsmid Watze van der Wal!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Watze en Simone van der Wal, beide goudsmid op De Jouwer. Wy wienen heel benijd nei harren ferhaal; want wat smyt it Frysk foar harren op? Se fertelle der graach oer! Tsjek de fideo!
Besjen

Praat mar Frysk op besite by Wurkz!!

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Wurkz yn Burgum! Wy wienen heel benijd nei harren ferhaal; want wat smyt it Frysk foar harren op? En hoe sit dat mei de Fryske mentaliteit?
Besjen

Praat mar Frysk by Douma Staal yn Snits

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Douma Staal yn Snits! In écht Frysk bedriuw. Wy wienen heel benijd nei harren ferhaal; wat smyt it Frysk foar harren op? Ek in filmke oer wat it Frysk foar jim bedriuw opsmyt? Fertel it ús! Mail nei: praatmarfrysk@gmail.com en wy komme graach by jim del!
Besjen

Skildersbedriuw Loonstra

Wy fan Praat mar Frysk gienen op 'e kofje by Skildersbedriuw Loonstra út Dokkum! Wêrom? Sy hawwe Fryske ferve! Wy wienen heel benijd nei harren ferhaal; wat smyt it Frysk foar harren op?
Besjen

MOOK de Notaris

Nei de notaris kin wol spannend wêze en wat is der dan fijner om je yn je eigen taal útdrukke te kinnen. Yn it Frysk as it heal kin. Dat fine se by MOOK de Notaris ek. Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it opsmyt as jo josels as Frysk bedriuw nei bûten ta profilearje.
Besjen

Postplaza

It foel ús op dat se by Postplaza yn Ljouwert in soad Frysk brûke yn 'e kommunikaasje nei harren gasten ta! Leuk! Dêr woenen wy fansels mear fan witte! Wy gienen op besite by Postplaza!
Besjen

Kris Callens fan it Fries Museum

Praat mar Frysk gie op 'e kofje by de direkteur fan it Fries Museum yn Ljouwert. Hoe sjocht hy as Flaming oan tsjin de twatalichheid yn ús provinsje? En hoe giet it museum dêr mei om?
Besjen

Lieven Bertels fan KH2018

In petear mei artistyk direkteur fan Kulturele Haadstêd Lieven Bertels! Hoe sjocht hy mei syn meartalige achtergrûn tsjin it Frysk en ús meartalige provinsje oan? Hokfoar plak kriget it Frysk yn it programma fan KH2018? Lieven Bertels oer it Frysk!
Besjen

Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot is strafabbekaat by Anker & Anker. Hy makke in skoft werom in bysûndere saak mei. In folslein Fryske saak. Syn kliïnt wie Frysktalich, de offisier fan justysje, de rjochters en ek de iepenbiere oanklagers! En fansels hold Tjalling syn pleit ek yn it Frysk. It Frysk yn 'e rjochtseal kin fanselssprekkender seit Tjalling. Tsjek de fideo!
Besjen

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram