« Werom
18 mei 2026

Praat mar Frysk by Startel!

By Startel yn Drachten jouwe se de allerearste Fryske AI-training fan de wrâld. “Wy fine it belangryk om ús trainingen ek yn it Frysk oan te bieden.” Dêr meie wy fansels wol oer, dat wy wienen derby! Benijd wat it Frysk opsmite kin?

It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. It Frysk falt op!

Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.

Ek mear mei it Frysk dwaan?
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Praktysk, finansjeel en kreatyf! Mail nei ynfo@praatmarfrysl.nl!

Tags

Copyright © 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram