Levertiden
De bestellingen wurde yn prinsipe binnen 2 wike levere. De levertiid foar it bûtenlân is ôfhinklik fan it lân fan bestimming. De levertiid dy’t troch ús opjûn is, is in yndikaasje. Praat mar Frysk is net ferantwurdlik foar eventuele fertragings by de besoarging troch PostNL of oare besoargers.
Ruilje/weromstjoere
Mocht der wat mis wêze mei dyn bestelling, dan kinst dat melde op: ynfo@praatmarfrysk.nl. Wy soargje derfoar datsto sa gau mooglik antwurd krigest en dat it probleem oplost wurdt.
Do kinst dyn bestelling oant 7 dagen nei ûntfangst weromstjoere. De ferstjoerskosten binne foar eigen rekken. Fansels moatte de retoeren net skeind wêze.
Algemiene betingsten
Levering bart ûnder tapassing fan de leveringsbetingsten fan it Reglemint foar it Hannelsferkear foar boeken yn Nederlân, deponearre by de griffy fan de arrondissemintsrjochtbank te Amsterdam op 5 july 1978, aktenûmer 148/1978.
Privacy policy
Stichting Afûk, fêstige oan Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert, is ferantwurdlik foar de ferwurking fan persoansgegevens lykas werjûn yn dizze privacyferklearring.
Kontaktgegevens:
Stichting Afûk
Bûterhoeke 3
8911 DH Ljouwert
058-2343070.
ynfo@afuk.frl
Persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
Wy respektearje dyn privacy en soargje derfoar dat de persoanlike ynformaasje dy’tsto ús ferskafst fertroulik behannele wurdt. It ferwurkjen fan persoansgegevens wurdt dien yn oerienstimming mei de easken dy’t de Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming stelt. Yn dizze privacyferklearring wurdt beskreaun hoe’t Stichting Afûk mei dyn persoansgegevens omgiet. Wy ferwurkje dyn persoansgegevens op basis fan de neikommende grûnrjochtslaggen:
De ferwurking is needsaaklik foar de útfiering fan in oerienkomst wêrby’tsto de oanbelangjende partij bist, of om op dyn fersyk fóár it sluten fan in oerienkomst maatregels
te nimmen. Do hast tastimming jûn foar it ferwurkjen fan dyn persoansgegevens foar ien of mear spesifike doelen.
Mei watfoar doel oft wy persoansgegevens ferwurkje
Wy ferwurkje dyn persoansgegevens foar de neikommende doelen:
Hjirûnder in oersjoch fan de persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
Bysûndere en/of gefoelige persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
Us websites, apps en/of tsjinsten hawwe net de yntinsje om gegevens te sammeljen oer besikers dy’t jonger binne as 16 jier. Of it moat wêze dat sy tastimming hawwe fan âlders of
fâd. Wy kinne lykwols net kontrolearje oft in besiker âlder as 16 jier is. Wy riede âlders dan ek oan om belutsen te wêzen by de online-aktiviteiten fan harren bern, om sa foar te
kommen dat der gegevens oer bern sammele wurde sûnder âlderlike tastimming. Asto derfan oertsjûge bist dat wy sûnder dy tastimming persoanlike gegevens sammele hawwe
oer in minderjierrige, nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@afuk.frl, dan ferwiderje wy dy ynformaasje.
Automatisearre beslútfoarming
Wy nimme op basis fan automatisearre ferwurkingen gjin besluten oer saken dy’t (oansjenlike) gefolgen hawwe kinne foar persoanen. It giet hjir om besluten dy’t nommen
wurde troch kompjûterprogramma’s of -systemen, sûnder dat dêr in mins (bygelyks in meiwurker fan Afûk) tusken sit.
Bewarterminen fan persoansgegevens
Wy bewarje dyn persoansgegevens salang as nedich is om in korrekte tsjinstferliening út te fieren. Dêrneist bewarje wy dyn persoansgegevens foar de termyn wêryn’t wy dat relevant
achtsje yn it ramt fan ús tsjinstferliening. Boppeneamde terminen jilde foarsafier’t Stichting Afûk op grûn fan in wetlike bepaling net ferplichte is om persoansgegevens langer te
bewarjen.
Gebrûk besletten part website
Asto in klant bist fan Stichting Afûk en/of Praat mar Frysk, dan kinsto in brûkersnamme en wachtwurd krije om yn te loggen op it besletten part fan de website. As brûker bisto sels ferantwurdlik foar it soarchfâldich omgean mei de brûkersnamme en it wachtwurd. Wy geane derfan út dat in persoan dy’t him oanmeldt mei in brûkersnamme en wachtwurd it foech hat om dy te brûken. Wannear’tsto it fermoeden hast dat it wachtwurd bekend is by lju sûnder dat foech, moatsto Stichting Afûk dêr sa gau mooglik fan op ’e hichte bringe, sadat der maatregels nommen wurde kinne.
It dielen fan persoansgegevens mei tredden
Wy jouwe gjin persoansgegevens oan tredden oars as op grûn fan de wet, op dyn fersyk of oan ferwurkers dy’t yn opdracht fan Stichting Afûk bepaalde wurksumheden útfiere (lykas de
mailtoolprovider Mailchimp, hostingpartij en IT-behearder).
Cookies, of fergelykbere techniken, dy’t wy brûke
Wy brûke cookies dy’t sa min mooglik ynbreuk meitsje op dyn privacy. In cookie is in lyts tekstbestân dat by it earste besyk oan in website opslein wurdt op dyn kompjûter, tablet of smartphone. De cookies dy’t wy brûke binne needsaaklik foar de technyske wurking fan de websites en dyn gebrûksgemak. Se soargje derfoar dat de websites goed wurkje en ûnthâlde bygelyks dyn foarkarynstellingen.
Op de sites en/of apps wurde besykgegevens byholden. Yn dat ramt kinne benammen it IP- adres fan dyn kompjûter, de tiid fan opfreegjen en gegevens dy’t de browser fan in besiker meistjoert, registrearre wurde en brûkt wurde foar statistyske analyzes fan besyk- en klikgedrach op de websites.
Dy gegevens wurde brûkt om de websites en apps te optimalisearjen. Om analyzes út te fieren meitsje wy gebrûk fan Google Analytics. Dêrby brûke wy de privacy-freonlike ynstellingen fan Google. Mear ynformaasje oer de privacygefolgen dêrfan is te finen op de site fan de Autoriteit Persoansgegevens. Lês it privacybelied fan Google foar mear ynformaasje, en ek it spesifike privacybelied fan Google Analytics.
Op de websites binne mooglik ek links opnommen nei websites fan tredden. Hoewol’t dy website(s) mei soarch selektearre binne, draacht Stichting Afûk gjin ferantwurdlikheid oangeande dy tredden en de manier wêrop’t sy mei dyn (persoans)gegevens omgeane. Do kinst dy ôfmelde foar cookies troch dyn ynternetbrowser sa yn te stellen dat dy gjin cookies mear opslacht. Dêrneist kinsto ek alle ynformaasje dy’t earder opslein is, fia de ynstellingen fan dyn browser ferwiderje.
Gegevens ynsjen, oanpasse of ferwiderje
Do hast it rjocht om dyn persoansgegevens yn te sjen, te korrizjearjen of te ferwiderjen. Dêrneist hasto it rjocht om dyn eventuele tastimming foar de gegevensferwurking yn te lûken of beswier te meitsjen tsjin it ferwurkjen fan dyn persoansgegevens troch Stichting Afûk en hasto it rjocht op gegevensoerdraachberheid. Dat betsjut datsto by ús in fersyk yntsjinje kinst om de persoansgegevens dy’t wy fan dy hawwe yn in kompjûterbestân nei dy of nei in oare, troch dy neamde organisaasje te stjoeren. Do kinst in fersyk ta ynsjen, korreksje, ferwidering, gegevensoerdraging fan dyn persoansgegevens of fersyk ta it ynlûken fan dyn tastimming of beswier op de ferwurking fan dyn persoansgegevens stjoere nei ynfo@afuk.frl.
Om der wis fan te wêzen dat it fersyk ta ynsjen troch dy dien is, freegje wy dy in kopy fan dyn identiteitsbewiis mei it fersyk mei te stjoeren. Meitsje yn dy kopy dyn pasfoto, MRZ (machine readable zone, de strook mei nûmers ûnderoan it paspoart), paspoartnûmer en Boargerservicenûmer (BSN) swart. Dat om dyn privacy te beskermjen. Wy reagearje sa gau mooglik, mar uterlik binnen fjouwer wiken, op dyn fersyk.
Wy wize dy der boppedat op datsto de mooglikheid hawwe om in klacht yn te tsjinjen by de nasjonale tasichthâlder, de Autoriteit Persoansgegevens. Dat kin fia de neikommende link: https://www.autoriteitpersoonsgegevens.nl/nl/zelf-doen/gebruik-uw-privacyrechten/klacht-melden-bij-de-ap
Hoe’t wy persoansgegevens befeiligje
Wy nimme de beskerming fan dyn gegevens serieus en nimme passende maatregels om misbrûk, ferlies, tagong sûnder foech, net-winske iepenbiermakking en ferbeane wiziging tsjin te gean. Asto de yndruk hawwe dat dyn gegevens net goed befeilige binne of der oanwizingen binne fan misbrûk, nim dan kontakt op mei ús klanteservice of fia ynfo@afuk.frl.
Oanpassen privacy statement
Wy behâlde ús it rjocht foar om dit privacy statement oan te passen. Wy sille dy fia e-mail op ’e hichte bringe wannear’t wy dit privacy statement oanpasse en mei yngong fan hokker datum oft dy oanpassing(en) fan krêft binne. Troch gebrûk te meitsjen fan ús tsjinsten nei dy datum giesto akkoart mei de lêste ferzje fan ús privacy statement. De hjoeddeistige Privacyferklearring is bywurke op 26 juny 2023.
Privacybelied
De Afûk respektearret de privacy fan alle brûkers fan de side en sil derfoar soargje dat dyn persoanlike ynformaasje fertroulik behannele wurdt. Wy brûke dyn persoanlike gegevens om de bestelling sa goed mooglik ferrinne te litten. Wy sille dy gegevens net sûnder dyn tastimming brûke foar oare doelen of oan tredden trochjaan. De adressebestannen wurde allinne foar eigen gebrûk bewarre sadatsto by dyn folgjende bestelling net alle gegevens opnij hoege yn te fieren. Op dyn fersyk sil dyn adres út ús bestân ferwidere wurde.
De Afûk-winkel yn Ljouwert
Yn de Fryske boek- en taalwinkel yn Ljouwert, op de Bûterhoeke nûmer 3 (by de Aldehou), fynst in grut oanbod fan Fryske boeken, cd’s, kaarten, sûvenirs, ensfh. De winkel is iepen fan moandei oant en mei freed fan 9.30 oant 17.30 oere en op sneon fan 10.30 oere oant 17.00 oere. Do kinst deun by ús winkel parkeare yn parkeargaraazje Oldehove.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl