Bert Nieuwenhuis fan administraasjekantoar Presiis fertelt oer wat it Frysk him opsmyt en wêrom't hy der foar keazen hat om it Fryske bedriuwsnamme te hawwen. Tsjek de fideo foar tips!
Krekt as Bert ek mear mei it Frysk dwaan op dyn wurk?
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen. Ek yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe! Wy tinke graach mei en hawwe in bulte foarbylden fan hoe’t oare bedriuwen it Frysk foar harren wurkje litte.
Mear witte? Of in kear in ôfspraak meitsje? Mail nei: ynfo@praatmarfrysk.nl en wy komme der sa gau as mooglik op werom!
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl