« Werom
09 oktober 2024

Praat mar Frysk by Pizzeria Döner Home

Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Sa ek in moaie tekst dy’t op ’e muorre hinget yn de pizzeria ‘Döner Home’ yn Burgum. Dat makket ús nijsgjirrich nei it ferhaal dêr efter en gienen op ûndersyk:

Houman hat mei syn broer en âlden in Pizzeria yn Burgum: Döner Home. Doe’t Houman lyts wie ferhuzen se fan Iran nei Fryslân ta. Sa groeide hy op yn Burgum mei in protte Fryske freonen om him hinne. 

“Ik ferstean it Frysk prima. Wy hawwe ek in protte meiwurkers en klanten dy’t Frysk binne. En om’t wy op in ludike manier oandacht besteegje woene oan it Frysk, hawwe wy in moaie tekst yn ús saak oanbrocht. Mar dan wol mei ús eigen draai dêroan fansels! En dat is leuk slagge!”

(Foto: Jan Douwes)

Tags

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram