« Werom
08 september 2025

Praat mar Frysk by Kijlstra Ambulânsesoarch!

Dit jier waard de nagenije ambulânsepost fan Kijlstra by Mitselwier oplevere. Om't sy ús fregen oft wy de Fryske teksten dy't sy yn it gebou brûke foar harren neisjen woenen, wienen wy fansels wol benijd hoe't it wurden wie en hoe't it Frysk binnen de ambulânsesoarch in plak hat. Dêrom gienen wy op besite om it einresultaat te besjen en om te hearren wat it Frysk harren opsmyt!

Bining mei dyn regio
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.

Subsydzje beskikber foar sichtberens fan it Frysk!
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Boppedat hat de provinsje Fryslân in bedrach beskikber steld om bedriuwen en organisaasjes te stypjen mear mei de sichtberens fan it Frysk te dwaan.

Wolst mear witte? Tsjek dizze link of stjoer ús in mailsje: ynfo@praatmarfrysk.nl.

Tags

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram