Wy fan Praat mar Frysk geane geregeld op 'e kofje by bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân om te hearren wat sy mei it Frysk dogge en wat it Frysk harren opsmyt. En dêr meitsje wy in fideo fan. Sa hoopje wy ek oare bedriuwen te ynspirearjen mear Frysk te brûken op de wurkflier en yn harren kommunikaasje. Om't it wurket! En sa hawwe wy ûnderwilens al mear as 150 Praat mar Frysk-bedriuwsfideo's makke.
Brûksto it Frysk ek bewust yn dyn wurk? En soest dêr ris oer fertelle wolle? Oer wat it dy opsmyt en hoe't it Frysk foar dy wurket? Lit it ús witte en wa wit komme wy dan ek by del om in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo te meitsjen. Mail nei ynfo@praatmarfrysk.nl en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op.
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl