previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Praat mar Frysk-stikker

Mei dizze PraatmarFrysk-stikker kinst fansels sjen litte datst Frysk praatst en dat oaren dat ek tsjin dy dwaan kinne. Hy kin oer min waar, dat hy is ek ferrekte handich foar op it rรบt, de doar, dyn fyts, dyn auto, dyn tas, dyn aginda, dyn dinges... Formaat: 9,5 sm.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dรชr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan รบs besikers op praatmarfrysk.nl
Tennisklub Schatzenburg is de tennisklub foar Dronryp, Menaam en omkriten. As klub yn Fryslân fine wy it wichtich dat elkenien syn eigen taal prate kin.
Maartje - Menaam
Ik sit yn it twadde jier fan de pabo op nhl stenden yn Ljouwert. Op staazje jou ik geregeld lessen yn it Frysk dêr't de learlingen sels ek dingen meitsje en skriuwe yn it Frysk. De stikkers jouwe de learlingen ekstra motivaasje en wille yn it Frysk!
Fenna / Sint Anne
Ik wol dit echt graach. Ik bin net yn Fryslân berne, mar myn trije susters wol. Wy hawwe thús altyd Frysk praat. "Se sille Nederlânsk leare op strjitte en op skoalle", sei myn heit. Ik tink altyd yn it Frysk en as ik tsjin mysels praatEn ik hâld derfan om Friese dingen nei myn suster te stjoeren. Dus alvast tige tank.
Ria / Barendrecht
Dit voorjaar open ik een B&B en wil graag dat gasten de Friese taal en cultuur leren kennen. Als kind van Friese ouders heb ik de taal leren spreken, maar nooit leren lezen en schrijven. Voor het eerst in 62 jaar woon ik nu in Friesland.
B&B de Bokkeleane / Aldegea
Myn hert makket in spronkje fan al dy moaie fryske teksten.
Nynke / Frjentser
1 2 3 19

Foar dy

Bisto lykas รบs grutsk op it Frysk en wolst it mear brรปke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dรชr by helpe kin!

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje รบs op Instagram

๐Ÿ“ฃ It is alwer maaie! In nije moanne! Tiid foar in nije boeketip 10!

Dit is de Afรปk-๐—•๐—ผ๐—ฒ๐—ธ๐—ฒ๐˜๐—ถ๐—ฝ ๐Ÿญ๐Ÿฌ fan dizze moanne!๐Ÿ“šLekker lรชze! ๐Ÿ˜„|

Tsjek de Tip 10 โฌ‡๏ธ

https://websjop.afuk.frl/frl/producten/afuk-boeketip-10
๐—›๐—ฎ๐—ฎ๐—ฎ๐—ฎ๐—ด๐—ผ๐—ฒ๐—ถ๐—ฒ! Alwer in moaie #Frysk op 'e dyk-foto! ๐Ÿ“ธ 

Dizze krigen wy tastjoerd troch Sjoukje, tankewol! ๐Ÿฅณ

โžก๏ธ ๐—›๐—ฎ๐˜€๐˜๐—ผ ๐—ฒ๐—ธ ๐—ถ๐—ป ๐—บ๐—ผ๐—ฎ๐—ถ๐—ฒ #๐—™๐—ฟ๐˜†๐˜€๐—ธ ๐—ผ๐—ฝ '๐—ฒ ๐—ฑ๐˜†๐—ธ-๐—ณ๐—ผ๐˜๐—ผ? ๐— ๐—ฎ๐—ถ๐—น '๐—บ ๐—ป๐—ฒ๐—ถ ๐˜†๐—ป๐—ณ๐—ผ@๐—ฝ๐—ฟ๐—ฎ๐—ฎ๐˜๐—บ๐—ฎ๐—ฟ๐—ณ๐—ฟ๐˜†๐˜€๐—ธ.๐—ป๐—น !
Copyright ยฉ 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram