
Mei dizze PraatmarFrysk-stikker kinst fansels sjen litte datst Frysk praatst en dat oaren dat ek tsjin dy dwaan kinne. Hy kin oer min waar, dat hy is ek ferrekte handich foar op it rút, de doar, dyn fyts, dyn auto, dyn tas, dyn aginda, dyn dinges... Formaat: 9,5 sm.

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!


Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin!

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?
Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Praktysk, finansjeel en kreatyf! Mail nei ynfo@praatmarfrysl.nl!
#FryskeFreed #Frysk
By `Stationscafetaria De Oriënt` yn Bûtenpost woenen se wol mear mei it #Frysk. Dat sy namen kontakt mei ús op om te hearren wat der mooglik wie. Benijd wat sa`n gearwurking opsmite kin en hoe`t je it #Frysk foar je wurkje litte kinne? Tsjek de fideo!
#FryskeFreed
🥳 𝗜𝘁 𝗶𝘀 𝘄𝗲𝗿 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸𝗲𝗙𝗿𝗲𝗲𝗱! 𝗪𝗮𝘁 𝗱𝗼𝗰𝗵𝘁 𝗷𝗶𝗺 𝗯𝗲𝗱𝗿𝗶𝘂𝘄 𝗺𝗲𝗶 𝗶𝘁 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸?
Elke twadde freed fan de moanne fiere wy #FryskeFreed!
It doel? It Frysk sichtberder meitsje en bedriuwen oanmoedigje it #Frysk faker te brûken.
➡️ 𝗪𝗮𝘁 𝗱𝗼𝗰𝗵𝘁 𝗷𝗶𝗺 𝗯𝗲𝗱𝗿𝗶𝘂𝘄 𝗺𝗲𝗶 𝗶𝘁 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸?
𝗛𝗮𝗮𝗮𝗮𝗴𝗼𝗲𝗶𝗲! Alwer twa moaie #Frysk op `e dyk-foto`s! 📸
Dizzen krigen wy tastjoerd troch Betty en Leen, tankewol! 🥳
➡️ 𝗛𝗮𝘀𝘁𝗼 𝗲𝗸 𝗶𝗻 𝗺𝗼𝗮𝗶𝗲 #𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸 𝗼𝗽 `𝗲 𝗱𝘆𝗸-𝗳𝗼𝘁𝗼? 𝗠𝗮𝗶𝗹 `𝗺 𝗻𝗲𝗶 𝘆𝗻𝗳𝗼@𝗽𝗿𝗮𝗮𝘁𝗺𝗮𝗿𝗳𝗿𝘆𝘀𝗸.𝗻𝗹 !
‼️ 𝗙𝗲𝗿𝗴𝗲𝘁𝘁𝗲𝗻 𝘄𝘂𝗿𝗱𝗲𝗻: `Kwizekwânsje en Wizânsje`
➡️Kwizekwânsje
Ned: invloedrijk, van belang, consequentie
Eng: importance, consequence
Betsjutting: wichtich, ynfloedryk (fan persoanen). Immen fan kwizekwânsje wêze.
➡️Wizânsje
Ned: gewoonte, gebruik
Eng: habit, custom, practice, usage
Betsjutting: gewoante, gebrûk, wat as gebrûklik oannommen wurdt, wat immen wend is om te dwaan
𝗪ê𝗿 𝗸𝗼𝗺𝘁 𝗶𝘁 𝘄𝗲𝗶?
Kwizekwânsje en wizânsje, twa foar de priis fan ien diskear. In kadootsje past wol by de desimbermoanne. Hiel faak as Fryske wurden moai en sjongsum klinke, dan komme se út it Frânsk. En dat is dizze kear net oars.
Kwizekwânsje komt fan it Frânske wurd ‘conséquence’. Yn it Nederlânske kenne wy it as ‘consequentie’ en yn it Ingelsk as ‘consequence’. Wy brûke it benammen yn de betsjutting fan ‘gefolch’, mar it hat ek de betsjutting fan ‘wichtich’, ‘fan belang wêze’. Konsekwinsjes binne fansels ek faak fan belang.
Wizânsje is net sa’n hiel gewoan en gebrûklik wurd mear, mar it hat wol dy betsjutting: gewoante of gebrûk. Dit wurd komt fan it Frânske ‘usance’ en fansels sjochst hjir ek gelyk de Ingelske wurden ‘use’ en ‘usage’ yn. Ek it Ingelsk hat in hiel soad fan oarsprong Frânske wurden yn him.
In oar Frysk wurde foar ‘gewoante’ is ‘wenst’. Dat komt fan ‘wenne’, ‘gewend’ wêze.
Dizze Frânske wurden binne nei alle gedachten yn de Frânske tiid en ûnder ynfloed fan de hegerein yn it Frysk terjochte kaam. Wat útspraak en skriuwwize oanbelanget binne se alhiel ferfryske. Se fiele foar ús dan ek hiel Frysk, tink bygelyks ek oan wurden as ferdivedaasje en avensearje.
➡️ Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma `Goeiemiddei` mei Johan Terpstra
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl