« Werom
21 mei 2025

Nije edysje magazine Taal yn ’e soarch!

Spesjaal makke foar en mei professionals dy’t wurkje mei jongeren en jongvolwoeksenen. Se fertelle oer harren wurk en de rol fan taal deryn! Nijsgjirrich? Kinst it digitale magazine fine op: www.friesindezorg.frl
 
Pleechmemmen Johanna en Betty fan Jeugdhulp Friesland fertelle oer de ‘mem’ dy’t sy binne foar harren pleech- en eigen bern. Dosint Richtje fan NHL Stenden hat it oer iensumens en hoe dreech it faaks is om dêr wurden oan te jaan. Sjoerd-Klaas nimt dy as ‘herstelfries’ mei yn syn eigen ferhaal en hoe’t hy as sjonger en Wâldpyk ek wer oaren helpt en gesinshelpferliener Rein fan GGZ Friesland komt by in protte jongeren oer de flier dy’t yn mindere tiden sitte.
 
It magazine ‘Taal yn ’e soarch’ is ûnderdiel fan it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’, wêrmei’t de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes stimulearret.

Tags

Copyright © 2026 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram