« Werom
06 november 2025

Mear Frysk by jim op 'e saak?

It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. It Frysk falt op!

Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.

Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Praktysk, finansjeel en kreatyf! Mail nei ynfo@praatmarfrysl.nl!

Tags

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram