« Werom
25 augustus 2025

Ljep mar Frysk by it Ljeppersbûn

It Ljeppersbûn woe mear mei it Frysk en frege ús mei te tinken oer hoe't je soks binnen je klup no it bêste oanpakke kinne. Fansels helpe wy dêr graach by! Tegearre mei it Ljeppersbûn hawwe wy de mooglikheden bydel west en hawwe wy sjoen nei wat foar harren wurket. En it is prachtich wurden! Boppedat smyt it in soad positive reaksjes op! Benijd nei it resultaat? Tsjek de fideo hjirûnder!

Bining mei dyn regio
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken.

Subsydzje beskikber foar sichtberens fan it Frysk!
Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêr by helpe. Boppedat hat de provinsje Fryslân in bedrach beskikber steld om bedriuwen en organisaasjes te stypjen mear mei de sichtberens fan it Frysk te dwaan.

Wolst mear witte? Tsjek dizze link of stjoer ús in mailsje: ynfo@praatmarfrysk.nl.


Tags

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram