Tegearre mei de TAF (Toerisme Aliantie Fryslân), Merk Fryslân, Recreatieschap Marrekrite, Stichting Rustpunt en de provinsje Fryslân hawwe wy mear as 75 buordsjes mei Fryske siswizen meitsje litten en ferspraat ûnder 75 Rustpunt eigners yn Fryslân. Taheakke foto krigen wy fan Rustpunt-eigner Marjolein van Wijhe fan teetún De Lofsang yn Bantegea.
Alle mear as 75 Fryske siswize-buordsjes waarden yn de Sluisfabriek yn Drachten útdield oan de Rustpunt-eigners. Deputearre Friso Douwstra oerhannige it earste fan de mear as 75 Siswize-buordsjes oan Fred Heemskerk fan Stichting Rustpunt: ‘Men jout gjin kij mei hoarnen wei (“het kostbaarste houdt men zelf”), mar it ferskaat oan unike Fryske siswizen diele we graach en jouwe we ek graach in plak yn ús iepenbiere romte. It is moai dat we dat mei dit projekt no ek op in aardige en ferrassende wize ûnder de oandacht bringe kinne fan ús besikers en ynwenners ûnder it kuierjen en fytsen. It foeget wat ta oan de belibbing fan ús provinsje.’
Benijd nei de siswizen, de betsjutting derfan en de Rustpunten dêr’t se hingje? Tsjek de webside!
Praat mar Frysk
Boterhoek 3
8911 DH Leeuwarden
Tel: (058) 234 30 70
E-mail: ynfo@praatmarfrysk.nl