« Werom
02 december 2024

Frysk op 'e dyk!

By kapsalon Peter en Binny yn Burgum hawwe sy it begrepen: mei #Frysk op ‘e dyk bist noch mear sichtber! Fia Andrys krigen wy dizze foto fan harren stoepboer tastjoerd. In prachtich foarbyld fan hoe’tst it Frysk foar dy wurkje litte kinst! 

Mear Frysk op ‘e dyk sjen? Wy hawwe al fia bedriuwen en partikulieren mear as tûzen foto’s tastjoerd krigen fan Frysk yn ‘e iepenbiere romte! Benijd? Tsjek www.sichtberens.frl foar ynspiraasje of mail ús dyn Frysk op ‘e dyk-foto ta fia: ynfo@praatmarfrysk.nl!

(Foto: Andrys)

Tags

Copyright © 2025 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram